Kollum: "It nijsoersjoch fan de Bûten Post"

18 jun 2015 - 11:55
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goemoarn, dit is it nijs fan De BûtenPost fan dizze wike.

De lieding fan skoalmienskip it Bogerman College yn Snits mei de rekkentoets fan it CITO noch in kear oerdwaan. Dêrmei krijt de skoalle in herkânsing om sjen te litten dat se genôch rekkenfeardichheid hat om de learlingen foldwaande beoardiele te kinnen.

De skoallieding is bliid mei de mooglikheid. Troch min rekkenwurk waard juster bekend dat twa learlingen fan it Bogerman toch noch sakken foar harren eineksamen. De direksje hat oan it CITO witte litten de rekkentoets graach oer te dwaan, en sil har yngreven tariede op de toets.

Parse en publyk hawwe posityf reagearre op de simmerprogrammearring fan Fryslân, dy't fan'e wike bekendmakke is. Dit jier sil de simmer foaral yn it teken stean fan tradisjonele sporten as skûtsjesilen en keatsen. Ek fierljeppen krijt in belangryk plak yn de programmearring, krekt as amateurtoaniel.

Dit lêste sil op ferskillende iepenloftlokaasjes te sjen wêze. Dêrneist is der ek noch romte foar ringstekkerijen, hippyske konkoersen en boerenbrulloften.

Fan te foaren wie der in soad soarch oer de fraach oft it de provinsje wol wer slagje soe om mei in ferrassend programma te kommen, neidat de foarige jierren aardich súkselsfol wienen. De keunst is om mei in ferrassende line up te kommen, sûnder it trouwe publyk fuort te jeien. Dat liket goed slagge, want yn de pers wurdt sprutsen oer 'in logyske stap yn de ûntwikkeling' en 'in brêge tusken tradysje en lef'.

De middelbere skoalbern dy't nei har eineksamen ôfreizge binne foar in fakânsje yn Súd-Europa, lykje allegear noch yn libben te wêzen. Dat lit plysje Fryslân witte, nei kontakt mei harren kollega's yn it Middellânske Seegebiet. Der lykje wol aardich wat ferwûnen te wêzen en in pear bern wurde fermist, mar de berjochten liede oer it generaal net ta grutte soarch. De plysje lit har alle dagen fan de ûntwikkelingen op de hichte stelle troch korpsen fan Salou, Lloret de Mar en Chersonissos.

It yndoorfestifal dat de PKN, de Protestantse Kerk Nederland, ôfrûne snein organisearre, is in súkses wurden. Allinnich al yn Fryslân waarden op tsientallen ferskillende lokaasjes foarstellings holden, dy't yn totaal tûzenen besikers lutsen. De kâns dat der ek kommende snein wer optredens wêze sille is grut.

It publyk song mei mei de bekende hits as 'U zij de glorie' en 'De heer is mijn herder', en der waard harke nei de ferhalen dy't de entertainers fertelden fanôf in lyts, mar persoanlik poadium. It PKN-festival liket útgroeid te wêzen ta it grutste, wykliks weromkearende yndoorfestival fan it noarden.

Skiedend soarchbestjoerder Wander Blaauw fan Medisch Centrum Ljouwert fynt it ûnterjochte dat der safolle krityk is op it beteljen fan salaris oan ferpleechkundigen yn it sikehûs. Neffens de topman is it folslein terjochte dat dizze meiwurkers ek in bûssintsje krije, omdat se toch in sekere bydrage leverje oan it wolwêzen fan de pasjinten.

De MCL-baas baalt fan alle oandacht dy't der foar de salarariskwestje is, en fynt dat je ferplegers net ôfdwaan kinne mei allinnich mar in krystpakketsje, omdat sy ek hurd wurkje en ek har hypoteek betelje moatte. Blaauw mient dat it sikehûs him dêrmei fan de royaalste kant sjen lit, mar neffens him leit dy romhertigens no ienkear yn it dna fan in soarchbestjoerder bestoarn.

Ferkear: Ferkear lâns de A32 moat rekkening hâlde mei gefaarlike sitewaasjes, fanwege in sachte berm en oare ûneffenheden. De plysje advisearret automobilisten dan ek om net lâns de A32, mar op de A32 te riden.

Mear nijs op www.debutenpost.nl of facebook, twitter."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)