Kollum: "It nijs út De Bûten Post"

23 jul 2015 - 09:42
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goeiemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike:

It is de organisaasje fan de Profronde fan Surhústerfean slagge om dit jier in topper fan de heechste planke fêst te lizzen: Joop Atsma sil syn opwachting meitsje by de hurdfytswedstriid. De absolute publykslûker hat nei lange ûnderhannelings juster syn jawurd jûn oan de Profronde.

It Wielerkomitee wol net sizze hoefolle as se betelle ha om Atsma nei Surhústerfean te heljen, mar tinkt dat de ynvestearring mei gemak weromfertsjinne wurdt troch in taname fan it tal besikers oan de koers. Joop Atsma stie al jierrenlang boppe oan it ferlanglistke fan de Feanster organisaasje.

No't de earste toeristen weromkomme fan har fakânsje yn Grikelân, kringe ek de ferhalen troch oer de ellindige tastân yn dat lân. Fakânsjegongers fertelle horrorferhalen oer it lân dat sa hurd troffen wurdt troch de eigen krisis en de ynstream fan flechtlingen.

Gerwin Boddeüs út Snits is krekt werom en seach hieltyd minsken fanút de brâning it strân oprinnen. Hy tinkt dat it flechtlingen wienen, want se hienen hast gjin klean oan, en foelen faak al nei in eintsje rinnen deawurch yn sliep op in lyts handoekje. Syn reisgenoat Atty Klomp seach Griken de hiele dei bûten omtôgjen mei swiere pakken bankbiljetten. De twa tinke deroer om takom jier nei in eksoatysker oard ta te gean, lykas it âlde Mesopotamië.

Rjochters en meiwurkers fan de rjochtbank yn Ljouwert hoege foarearst net mear bang te wêzen dat harren rjochtbank ferdwine sil, no't de keatswrâld de iene nei de oare rjochtsaak oanspant. De Fryske rjochters hawwe besocht oan kollega's yn Grins, Swolle en Arnhem út te lizzen hoe't it sit mei de keatswant en de nap, mar dat is net slagge.

Doe't de rjochters it effekt fan de nap op in kweaslach útleinen, en it belang dêrfan as de dielnimmers op de dea stean as alles oan de hang is, heakken de kollega's út oare provinsjes ien foar ien ôf. Yntusken ûndersiket it Iepenbier Ministearje yn Grins oft der sprake is fan in ferbûn tusken keatsers en Ljouwerter rjochters.

De organisaasje fan festival Welcome to the Village freget publyk dat fan 't wykein fleis iten hat fan ko Janneke, om de ûntlêsting yn te leverjen. Fan de poep kinne keunstners in nije ko meitsje, as earbetoan oan it bist dat foar duorsume fleiskonsumpsje op it festival soarge hat.

It keunstwurk sil takom jier by de folgjende edysje fan Welcome to the Village tentoansteld wurde. Wa't it byldhouwurk meitsje mei, is noch net bekend.

Ferkear: Fakânsjegongers moatte der rekken mei hâlde dat it sneon wer Zwarte Zaterdag is. Friezen dy't op fakânsje gean kinne fêst komme te stean op de haadrûtes nei Paris en Bordeaux, Nice en Lyon, of op de autobanen rjochting Ruhrgebiet, München en de Alpen. Of nei Italië en Spanje ta.

Ek by de oerstek nei Ingelân ta wurde grutte fertragings ferwachte. Fakânsjegongers wurdt dan ek oanret om om te riden fia Poalen, Wyt-Ruslân, westlik Oekraïne, Roemenië en dêrwei wer ôf te bûgjen rjochting it westen."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)