Kollum: it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike

02 jul 2015 - 08:23
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

“Yn Afrika wurde op dit stuit grutte ynsammelingsaksjes holden om ús lân te helpen yn dizze tiid fan grutte droechte. Help liket ûnderweis fanút ûnder oaren Sierra Leöane, Liberia en Burundi. Dêr wurdt op dit stuit mei televyzje-aksjes jild ophelle om al op koarte termyn wetterputten hjirhinne stjoere te kinnen. De regering fan Kongo stjoert yngenieurs nei ús ta dy't advisearje kinne oer de nijste irrigaasjesystemen yn droechtegebieten. Yn oare Afrikaanske lannen binne se ek drok, bygelyks mei it sammeljen fan flessen mineraalwetter en parasols. Unicef hâldt de sitewaasje yn ús lân naukeurich by en besjocht fan dei ta dei oft it ek nedich is om Nederlânske bern te helpen mei skjin wetter.

Mei de komst fan in kluster megafentilatoaren sil de Fryske Iselmarkust yn de takomst goed genôch beskerme wurde tsjin hitegolven. Dat ferwachtsje de Twadde Keamerleden dy't juster de presize lokaasje fan de fentilatoaren besprutsen yn it parlemint. De fentilatoaren kinne it bêste yn in groep delset wurde foar de kust fan Makkum, sa tinke de folksfertsjintwurdigers. Troch de oerwaagjend weste- en noardwestewyn sil de koele lucht him dan it maklikst fan De Iselmar ôf nei plakken as Makkum, Warkum en gebieten dêrachter stjoere litte, sa is de ferwachting.

Op ferskillende fytspaden yn de provinsje binne fan 'e wike de troperoasters ynfierd. De roasters hawwe de spilen net yn de breedte-, mar yn lingterjochting. Sa wurdt it al te lang trochfytsen mei dit waar ûntmoedige. Neffens de provinsje bliuwe foaral skoalbern en âlderen mar gewoan trochfytsen, wylst dat mei dit waar hast net mear ferantwurde is. Mei it pleatsen fan de troperoasters wurde fytsers no twongen om ôf te stappen en harren rêst te nimmen.

Hûnderten minsken hawwe moandeitejûn meidien oan it daverjende slot fan de doarpsfeesten fan Himpens. Oer in parkoers fan fiif kilometer lang waard in echte wetterstofperokiderun holden. Dielnimmers waarden fan de kant ôf bestookt mei pûdsjes wetterstofperokide, dy't har oer it hier en de klean útsmarden. De organisaasje hie foar dizze finale keazen omdat se hjiroer goeie berjochten heard hie fan de leveransier fan de wetterstofperokide.

Sport. Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is benaud foar de kâlde dagen dy't him te wachtsjen stean yn Frankryk. De Fries besiket him sa goed mooglik ta te rieden op de oergang fan it Nederlânske klimaat op de beruchte Frânske kjeld. Nei ferwachting sil de temperatuer yn it thúslân fan de Tour de France mar kwalik boppe de 30 graden útkomme. Weening begrypt dat de Tour sa no en dan ek graach yn Frankryk ride wol, mar fynt wol dat dat sa ten koste giet fan de fytsers, dy't mei barre omstannichheden te meitsjen krije.

Ferkear. Mooglik is de hite de oarsaak, mar wis is dat der hjoed gjin treinen ride tusken Snits en It Hearrenfean. Reizgers dy't mei de trein fan Snits nei Hearrenfean wolle, wurdt advisearre om om te riden oer Ljouwert.

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)