Kollum: ''It nijs fan de Bûten Post''

24 sep 2015 - 09:48
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

''Foar needopfang fan VW-diselauto's stelt Autosloperij Twizel op koarte termyn hûndert plakken beskikber. Omwenners geane ûnder protest akkoart mei de krisisopfang, mar allinnich as de sloperij it prinsipe hantearret fan 'eigen Volkswagen earst'. De eigener fan de sloperij seit him net folle oan te lûken fan de krityk fan omwenners. Neffens him moatte de auto's dochs opfongen en holpen wurde, en moatte we mei syn allen romhertich wêze sadat de VW's net op strjitte komme te stean.

Frijwilligers dy't al de hiele wike drok binne om Fryske wurden en sintsjes oer te setten foar Google Translate, stjitte sa no en dan op ferfelende obstakels. Sa wurdt de sin 'foar de kofje net eamelje' kear op kear feroare yn 'foar de kofje net e-maile', noch foardat de Friezen it wurd ynfiere kinne yn it oersetsysteem.

Oersetter Anne Dykstra hat justermoarn oant 10 oere ta besocht dit rjocht te setten. Doe't it net slagge hat hy nei de kofjepauze in email stjoerd nei Google om de saak kenber te meitsjen.

Toptrainer Gertjan Verbeek hat him kwalifisearre foar de ynternasjonale einronde fan de Excuse d'Or. De oefenmaster fan VfL Bochum tinkt kâns te meitsjen op de prestisjeuze titel troch in gerjocht te presintearjen fan Scheisse en Arslöcher.

Verbeek wist op oertsjûgjende wize de nasjonale foarronde te winnen. Op in parsekonferinsje makke hy yndruk mei in glêsheldere útiensetting fan syn fisy op it fak, en wist sa it heechst oantal punten fan de sjuery te krijen op de Excuse d'Or.

Foar it earst yn harren karriêre hawwe de koereurs fan maatskip J. de Jong ôfrûne wykein de wrâldtitel gersmeanracen wûn. It leanbedriuw fan De Gordyk wist de fjirde en fyfde searje winnend ôf te sluten en sloech dêrnei yn de finale definityf ta.

Op de gersfjilden by it Frânske Morizes wie de winst foar De Jong dochs in ferrassing. Yn de earste heats hie de maatskip noch dik twa minuten nedich om in bunder gers te meanen. Pas letter yn de race slagge it om it tempo omheech te krijen. Mei in hektaretiid fan 1'45 minuten mocht leanbedriuw De Jong de priis - in gouden skries - yn ûntfangst nimme.

Ferkear. De plysje hâldt hjoed op de Ofslútdyk wer in grutte kontrôle tsjin mobyl banditisme. Dat soe foar fertragings soargje kinne. Mobile banditen wurdt dan ek advisearre om de rûte troch de Flevopolders te nimmen, of oer de A1 fan Amsterdam fia Hengelo nei Dútslân te riden." 

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)