Kollum: "it nijs fan De Bûten Post"

10 sep 2015 - 08:27
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Leafst ien op de sân Friezen hat muoite mei rekkenjen. Dat is sân persint fan de totale befolking yn de provinsje. It Friesland College konkludearret dit nei ûndersyk ûnder 350 minsken. Fan harren prestearren der 50 ûnfoldwaande, wylst 310 respondinten slaggen foar de test. It persintaazje is dêrmei grutter as it lanlik gemiddelde, dat ien op de fiif is - presys in kwart fan de folsleine befolking, dus. It Friesland College stelt in begeliedingsprogramma op foar probleemgefallen. Der stiet in groep fan 20 dosinten klear om byles te jaan. Acht fan harren sille hjirmei fulltime oan de slach, de oare fjirtjin sille dat parttime dwaan.

Tsientallen Friezen hawwe tiisdei spontaan wenromte oanbean foar evakuees dy't it VU sikehûs yn Amsterdam ûntflechtsje moasten. In soad minsken hawwe yn hûs in keamer frijmakke om ien of mear pasjinten opnimme te kinnen. Yntusken stienen tiisdeitemiddei al in protte frijwilligers mei tekkens en bôle klear by de kop fan de Ofslútdyk om de stream flechtlingen op te fangen. Dy kamen massaal mei boatsjes oan by Koarnwertersân, of soms rinnend út Amsterdam wei, mei net folle oars as wat klean by har. Juster liek it de ynstream fan it tal pasjinten trouwens alwer flink ôf te nimmen.

Wolle boeren de holle boppe wetter hâlde kinne, dan moat de priis fan brânstof gau oanpast wurde. Dat is it boadskip dat de boeren moandei by demonstraasjes yn Brussel ôfjûn hawwe. De disel is no te djoer, wêrtroch't de kostpriis fan in trekkerrit fan Fryslân nei Brussel te heech is om rendabel te wêzen. Wol in boer demonstrearjen bliuwe kinne, dan moat de brânstofpriis dus nei ûnderen ta. De boeren tinke oan in priisnivo fan maximaal 28 sint per kilo disel.

De Waadeilannen kinne de kommende tiid in wrâldprimeur temjitte sjen. It helikopterferfier fan pasjinten sil ferfongen wurde troch in ûnbemanne drone. Mei de traumadrone kin fluch in ein makke wurde oan de soap oer it helikopterferfier nei de Waadeilannen ta. De traumadrone is folslein selsstannich yn steat om minsken fluch fan de eilannen te heljen, en is dus in stik effisjinter en goedkeaper as helikopters. Boppedat hoecht der net in nije oanbesteging foar plak te finen. Wa't de traumadrone leverje sil is noch net bekend.

Ferkear. De N381 tusken Easterwâlde en de grins mei Drinte wurdt fan 't wykein ôfsletten foar ferkear. Dit yn ferbân mei asfaltearingswurk. As ferfanging sil de NS treinen ynsette op it trajekt."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)