Kollum: "It nijs fan De Bûten Post"

03 sep 2015 - 10:00
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike:

It kompjûternetwurk fan it Bornego Kolleezje op De Jouwer en It Hearrenfean draait sûnt dizze wike op it nije bestjoeringssysteem fan DDoS. Nei MS-Dos, Windows en Android liket de skoalmienskip no einlings in systeem fûn te hawwen dat yn koarte tiid ynstallearre wurde kin en learlingen op ienfâldige wize yn kontakt bringt mei oare brûkers yn de wrâld. DDoS is in systeem dat min of mear himsels bestjoert, en sa hoecht de skoalle der net folle ICT-oeren yn te stekken. Learlingen binne entûsjast en ek de skoallieding seit oerfallen te wêzen troch it súkses. Bornego waard noch mar koartlyn benadere troch DDoS en wist yn rekôrtiid it hiele netwurk fan de skoallen oer te nimmen.

De earste dei yn Fryslân sûnder Eelke Lok is juster relatyf rêstich ferrûn. De plysje hat gjin grutte ynsidinten melden. Der waard rekken mei holden dat bestjoerders dy't de ôfrûne desennia de provinsje ûntflechte wienen, juster massaal weromkomme soenen, mar in grutte ynstream fan dizze politike flechtlingen bleau út.
Grinskontrôles lâns de A6, A7 en A32 leveren gjin ôfwikende bylden op. Lykwols hold de plysje in peloton ME'ers achter de hân, om op it slimste taret te wêzen. Foar grutte maatskiplike skokgolven as it pensjoen fan Eelke Lok binne ommers gjin draaiboeken, sa lit in plysjewurdfierder witte.

De komst fan swiere reinbuien is dan miskien net tsjin te hâlden, it binne der wol tefolle tagelyk. Dat fine de measte Friezen, sa docht bliken út in peiling fan buro OpiNu. Om de oerlêst fan de buien te beheinen, soenen dy better ferspraat wurde moatte oer de doarpen en stêden. Ek soe der ûnderskied makke wurde moatte tusken echte buien en geloksbuien.
In soad respondinten jouwe oan de buien net te fertrouwen en dêr lêst fan te hawwen. Minsken binne foaral bang dat se it strjitbyld te bot bepale sille en de banen ynpikke. Sa wienen de golfbaan en de tennisbaan fan Beetstersweach fan 'e wike in pear oeren lang net te brûken. Omdat se blank stienen.

De GGD wol besykje om de r út de moanne te krijen. De sûnenstsjinst hat dêrfoar in lobby opset by de politike partijen. Dy soenen in wetsfoarstel yntsjinje moatte om de hjerst- en wintermoannen tenei te skriuwen as septimbe, oktobe, novimbe, desimbe, jannnewais, febewais, maat en apil.
Neffens de GGD is it oanpakken fan grypkes en koarts mei aspirines en fitamines neat oars as symptoombestriding. It soe folle better wêze om de r út de moanne te heljen, dan is it probleem by de boarne oanpakt. As it slagget om de r út de moanne te heljen, soe dat de maatskippij alle jierren tsientallen miljoenen euro's opsmite kinne.

De kust by Zwarte Haan soe in ideaal plak wêze om de Pieten út Spanje oan lân te bringen. Dat tinkt Sinteklaas. De Goedhillichman hat yn in brief oan de gemeente It Bilt witte litten dat er oerwaget om fan 't jier Zwarte Haan te kiezen as oankomstplak foar syn knechten. Swarte Haan stiet bekend as rêstich en tolerant. Boppedat is de see der oer it algemien kalm en kin de slinke in goeie oankomst garandearje. Dêrnjonken sille aksjefierders en Piet-fijannige eleminten de ôfstân nei It Bilt te grut fine foar massale demonstraasjes, sa is de ferwachting.

Ferkear. Troch felle buien is it hjoed mooglik dat op ferskillende fearten en kanalen akwaplaning ûntstiet. Skippers wurdt fersocht har farsnelheid oan te passen oan de omstannichheden, omdat akwaplaning foar gefaarlike sitewaasjes soargje kin yn de skipfeart."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post www.debutenpost.nl of folgje De Bûten Post fia Facebook en Twitter. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)