Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

27 aug 2015 - 08:52
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goeiemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike:

Opluchting op de Waadeilannen, no't der yn Balk in nij asylsikerssintrum komme sil. Mei fearboaten sille de kommende dagen flechtlingen fan de eilannen oerbrocht wurde nei Balk ta. Sa kin it nije AZC gau ferlichting biede oan de tintekampen op de Waadeilannen.

De sitewaasje yn de tintekampen wurdt no hurd minder troch it tanimmende tal swiere reinbuien en wynstjitten fan de ôfrûne dagen. En dat wylst krekt dizze simmer de druk op de eilannen bot tanaam wie. It grutste kamp, Stortemelk op Flylân, is boppedat benaud foar it hjerstseizoen, mei stoarmen en mooglik sels wynhoazen.
----------
It Marne College yn Boalsert hat besletten om de learplicht ôf te skaffen. De direksje fan de middelbere skoalle murk dat der ûnder learlingen net folle animo wie om alle dagen yn de lessen te ferskinen. It Marne College wol besykje de lessen tenei te konsintrearjen yn ien projektwike yn 't jier.

Wannear't de projektwike holden wurde sil is noch net bekend. Learlingen krije ynkoarten thús in email fan skoalle mei in listje mei mooglikheden. De skoalbern kinne dan sels oanjaan hokker wike har it bêste útkomt.
-----------
Goed tritich persint fan de Friesen is yn de rin fan de simmer fan miening feroare. Dat docht bliken út in enkête fan buro OpiNu. Neffens de ûndersikers rinne de Friezen dêrmei in flink ein achter by it lanlik gemiddelde, dat tsjin de fjirtich persint oan sit.

Oer it generaal giet it trouwens net om grutte feroarings, mar mear om it bystellen fan in miening. Oft de útslach ek gefolgen ha sil foar it provinsjale belied is foarearst net bekend, mar in wurdfierder lit witte dat it provinsjebestjoer altyd each hat foar sokke maatskiplike golfbewegings.
-----------
Analisten ferwachtsje dat de ûnrêst op de finansjele merken noch wol eefkes oanhâlde sil, no't ek de koers fan de basisbeurs dramatysk liket yn te sakjen. Kenners binne sels benaud dat de basisbeurs yn de lêste dagen fan augustus folslein ynstoarte sil.

De koers fan de basisbeurs stiet it hiele jier al ûnder druk, en moast de lêste tiid foaral troch studinten noch oerein holden wurde.
------------
It stêdlik gymnasium Piter Jelles yn Ljouwert hat him bewust oant fan 'e wike ta stilholden oer de skoalkar fan kroanprinses Amalia. Dat hat de skoallieding witte litten. Piter Jelles woe net dat it beslút fan de prinses om net yn Ljouwert nei skoalle ta te gean as in magneet wurkje soe op republikeinske learlingen en âlden.

Ek kristlik gymnasium Beyers Naudé hat it net kommen fan Amalia stilholden. De skoallen sizze dat se graach mear learlingen oanlûke wolle, mar dan moatte dy wol fol oertsjûging foar de skoalle kieze, en net omdat dy ynienen in republikeinske attraksje is.
-------------
Ferkear. De plysje freget ferkearsdielnimmers om it trajekt tusken Ljouwert en Tytsjerk de kommende dagen safolle mooglik yn stilte ôf te lizzen. Automobilsten op de N355 wurdt fersocht om net te klaksonearjen, de radio net te lûd te setten en net te hurd te riden, sadat de bannen minder leven meitsje.

Fytsers soenen better de fytsbel net brûke kinne. Yn De Griene Stjer wurdt dizze dagen in byienkomst holden fan minsken dy't graach yn alle stilte opgean wolle yn de natuer en dy't meditative en eteryske ferbiningen sykje tusken it universum en harsels. Fandêr.
-------------
Mear nijs op www.debutenpost.nl of folgje De Bûten Post fia Twitter en Facebook."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)