Kollum: "It nijs fan De Bûten Post"

03 des 2015 - 08:50
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike:

Om in oplossing te finen foar it fluch tanimmende gebrek oan beskikbere sportakkommodaasjes, sil it COA 15 opfangsintra beskikber stelle as krisisneedsportlokaasje. Dat hat Anneke Haarsma fan it Centraal Orgaan Asielzoekers bekendmakke. Gemeenten kinne sa adekwater in ein meitsje oan de stream amateursporters dy't net mear yn sporthallen telâne kin.

Yn Fryslân giet it om twa opfangsintra, mar hokker dat binne is noch net bekend. Gemeenten litte witte bliid te wêzen mei de help fan it COA, en dat it no, flak foardat de winter ynfalt, hooplik gau dien wêze sil mei de ferskriklike bylden fan sportminsken dy't allinnich mei in sporttas lâns de diken rinne, op syk nei in dak boppe de holle.

Kandidaat-direkteur Luuc Eisenga sil seker oant en mei de winterstop by Sportklup Heerenveen bliuwe. Dat hat de 43-jierrige bestjoerder de klup tasein, nei wiidweidich oerlis mei syn frou. "Kontinuïteit is op dit stuit fan it grutste belang foar It Hearrenfean. Dêrom sil ik foar de winterstop net wer fuortgean", sa seit Eisenga.

Hy sil him konfrontearre sjen mei in kompleet nije bestjoersstruktuer, dêr't noch minsken foar socht wurde moatte. Eisenga wol farske, jonge minsken om him hinne sammelje, dy't har folslein fokusje kinne op ien bestjoersfunksje, en gjin bybaantsjejagers út in oldboys-network. As foarsitter fan de ried fan kommissarissen tinkt er oan Loek Hermans út Beetstersweach.

De voedselbank liket de finansjele krisis definityf achter him litten te hawwen. Ofrûne jier hat de ynstelling in flinke omsetgroei sjen litten. Klanten witte it paad nei de voedselbank wer massaal te finen, sa lit de direksje witte, dy't grutsk is dat de bank dêrmei syn plakje yn de merk definityf ferovere hat.

Fierdere stipe fan de steat liket dêrmei ek net mear nedich te wêzen. Mooglik sil de voedselbank ynkoarten nei de beurs ta. De prognoazen lykje goed mei in hege shareholdersvalue. De bank fynt net dat it dan moreel ferplichte is om wat werom te beteljen oan de maatskippij.

Sint Nicolaas tinkt der sterk oer om nei dit wykein in sabbaticalperioade te nimmen fan goed alve moanne. Takom jier om dizze tiid wol de goedhillichman wer fris oan de start stean, mar dêrfoar moat er himsels no in lange perioade fan rêst gunne, sa hat syn management witte litten.

In kombinaasje fan lichaamlike ynspanning, keuzestress en finansjele druk liket de Sint te swier te wurden. Hy seit it spitich te finen it seizoen net ôfmeitsje te kinnen, mar hechtet deroan te sizzen dat hy syn ferplichtings oant en mei dit wykein gewoan neikomme sil.

Waar en ferkear. It liket noch lang net op friezen, mar toch sil der de kommende dagen flink struid wurde op ferskillende plakken. Foaral yn binnenstêden en winkelsintra sil preventyf struid wurde, sa litte ferskillende gemeenten witte, sadat minsken net wjerholden wurde om har boadskippen te dwaan. Rykswettersteat lit witte foarearst noch net te struien op de grutte diken."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)