Kollum: It each fan Eelke

27 jun 2015 - 11:46
  • De Toan fan Eelke Lok

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok.

"Doe’t it nije provinsiale Fryske kolleezje ferskynde seinen se: no wolle we earst wol goed efkes sjen at it finansieel wol út kin dat we in stikje universiteit yn Fryslân krije kinne. No doe wisten wy it allegearre wol: dy universiteit komt der de earste hûndert jier net. Politisy dy’t fraachtekens by jild sette, bedoele gewoan: it is ús te djoer, dêr bin we noch lang net oan ta. En Jannewietske kin alfêst Jouke de Vries wol beneamd ha, mar dy kin ek wol op in ûndersykshoekje yn it provinsjehûs. Mar se hienen net hielendal goed yn ’e rekken hoe’t sa’n universiteit noch libbet yn Fryslân. Dat fiele wy Friezen noch altyd as wat ús ten ûnrjochte ôfnaam is. We hiene hjir sa’n moaie universiteit yn Frjentsjer. We hâlde fan wittenskip, fan histoarje, fan goed ûnderwiis. Dus wat blykte doe’t it nij kolleezje sein hie dat de sinten foarearst yn de bûse bliuwe soene, doe wie der eins inkel argewaasje oer dy universiteit. Net iens sa bot oer kulturele haadstêd; dy fraachtekens oer it rendemint hat de befolking ek wol.

Mar dy universiteit, no. Sander de Rouwe reageart as in echte politikus. Je harkje nei it folk. Ien fan syn earste dieden is no immen beneame dy’t de kosten fan de universiteit ûndersykje sil. Hy beneamde in âlde CDA’er. Tagelyk in âlde Fries, dy’t yn 1962 fan it Ljouwerter gymnasium hielendal nei de universiteit fan Amsterdam moast en dus net werom kaam. Braindrain. Gerrit de Jong. Letter Twadde Keamerlid foar it CDA. Siet ek yn de rekkenkeamer. Dy âlde rûtinearre CDA-er moat dus neisjen oft Jannewietske har rekkenwurk wol doocht yn de fizy fan Sander de Rouwe. Ik kin noch net hielendal ynskatte wat se tsjin De Jong sei ha dat dy as einkonklúzje opskriuwe moat. Mar ik soe mei as Jouke en Jannewietske de Vries net sa wis fiele mear. Mar sa’n âlde CDA-er is tekenjend.

Want. Ien of de oare amtner hat lekt oer it belestingfoarstel wat se no oan it útsykjen binne yn Den Haach. Dus witte we inkel dat de btw omheech giet. Fierder witte we neat. Inkel dat dy amtner net 5,13 betelje wol foar in fleske wyn wat no 4,99 kostet. Ferrassend fûn ik wol dat foardat we ús realisearden wat der yn dat útstel stie, en seker foardat we witte hoefolle minder belesting we hoege te beteljen om dy 14 sinten te kompensearen, dat Fryslân al breinroer wie. Benammen de rekreaasje-ûndernimmers. Dit kin we net fan de minsken freegje. Se bedoele dermei: aanst komt net mear in harsus nei ús kempinkje. No dy rekreaasje- en horeka-ûndernimmers soene har soargen meitsje moatte oer harsels. Harren prizen wurde hieltiid heger. De kranten seine fan 'e wike: de hegere ynkommens kin inkel noch nei it bûtenlân. No it is oarsom. Ik wie ferline wike op Skylge, no dan hie’k wol seis wike nei Turkije kinnen, it fleanen is al goedkeaper as de fearboat. En ik wit bêst dat it foarjier net bêst waar wie, mar de hoareka en rekreaasje ha inkel mar de boufak en de eveneminten nedich. En har dan ynienen drok meitsje oer btw, ja want dêr fertsjinje se net oan. En de provinsje raast daliks mei.

Sa. Mar doe hearde ik Buma, fjoer spuiend oer dy btw. En doe wist ik hoe’t it fierder foar Fryslân yn elkoar sit. De lanlike opposysje fan it CDA wurdt stipe troch de provinsjes dy’t wer yn hannen fan it CDA kaam binne. De provinsje Fryslân fiert opposysje tsjin it regear. Dêrom ha se de PvdA derút smiten. En yn Fryslân wit nimmen wat it wurd liberaal betsjut, Kielstra moat presys dwaan wat wy sizze. En doe seach ik ek noch Joop Atsma en Sander de Rouwe yn de Telegraaf njonken elkoar op de foto stean. En doe tocht ik by mysels: ja jonges op dy wize krûpt alles wer yn de âlde rollen. It âlde CDA sit wer byelkoar op skoat en bepaalt alles. Se wize inkel noch nei elkoar, de macht komt wer werom. Gerrit de Jong knikt. As oer twa jier it CDA wer yn it regear komt, wurdt Sander de Rouwe minister of steatssiktaris."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)