Kollum: "Iepen Ofslútdyk"

10 feb 2016 - 08:43
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"De skatting is dat der moarns ier likernôch 1200 buskes en auto’s mei in karke derefter fanút Fryslân de Ofslútdyk oergean nei Hollân. Wurk. De skatting is ek dat der moarns ier 1200 buskes en auto’s mei in karke derefter fanút Hollân de Ofslútdyk oergean nei Fryslân. Wurk. De brêgen fan Koarnwertersân ha besletten dat soks grutte ûnsin is en gean no hiel faak stikken om te soargjen dat sok dom gedoch ophâldt.

Yn 1932 wie de Ofslútdyk klear. Der moast oan wurke wurde fan beide kanten ôf, de Hollanners koene hjir ommers noch net hinne ride. Dat hoegde ek net, want de Friezen lieten sjen dat se folle hurder wurkje koenen en woenen. It punt dêr’t de alderlêste bak drek delsmiten waard, dêr stiet no in monumint. No dan bin je fanôf Fryslân al trijekwart de dyk oer.

Fryslân en ek Hollân, dus Nederlân is foar in grut part in farrende naasje. Dus der bin doe twa foar dy tiid alderheislikst grutte slûzen boud. Ja, dy Urkers moasten dochs elke freed wer nei hûs, sneons fisk ferkeapje, sneins nei tsjerke en dy leine moandeitemoarn wer foar de slûs om de grutte see leech te fiskjen. Letter kaam it lytse boatsje spul. De wat gruttere binnenfeartskippen moasten der ek troch kinne. Ik ha doe noch wolris in dei op Koarnwertersân west, der stienen dochs in húske as tsien, tolve; safolle minsken wiene dêr oan it wurk op slûs en brêge.

De Ofslútdyk is sa linkendewei in ûnmisber stikje dyk wurden. It skeelt ús in hiel soad jild want oars hienen de diken om de Sudersee sis mar Iselmar hinne wol hiel heech wurde moatten. Mar ek, lykas sketst, it ferkear tusken Hollân en Fryslân. 32 kilometer rjochte dyk, 130 op de teller. Dat ha je frijwol nearne yn de wrâld. Mar no is de Ofslútdyk oan wat nijs ta. Hy moat ophege wurde, want de Sinezen stjitte tefolle CO2 de wrâld yn. Dêr sit in hiel yngewikkeld ferhaal efter, mar dat besparje ik jim fan 'e moarn.

Want sjoch, dat better meitsjen fan de Ofslútdyk, moast ek moaier meitsjen wurde. Kwaliteit. Al jierren wurdt der no mar praat en praat. Wurde elkoar kompjûterprogramma's sjen litten oer hoe moai en goed as we dat allegear net meitsje kinne soenen. De Ofslútdyk as in soarte fan filter, dy’t ek noch enerzjy opsmyt by de mjuks fan sâlt en swiet wetter. En de Iselmarsnoekbears dy makket kennis mei de Waadmoksel. Rekreaasjestikje.

Dus Noard-Hollân en Fryslân ha geweldich op ’e remme trape, noch net begjinne hear. Wy moat earst noch Europeeske subsydzje barre foar in gruttere slûs by Koarnwertersân, dan kin Donald Trump syn nije jacht wer fan Makkum komme. En as Europa gjin subsydzje jout dan gean we yn heger berop, no jim witte it wol, dat duorret wol in pear jier. Dan kin we yn de tuskentiid al dy moaie plantsjes nochris oereidzje, miskien dat we yn 2018 in tinte njonken dat hynder delsette, dan kinne al dy Europeanen sjen wat wy net betinke kinne allegear. Okee.

Mar as dy kabel yn dy brêge nei 84 jier in kear ferfretten wurdt troch Fryske mûzen, dy’t ek wolris yn it Kazemattemuseum sjen wolle en alle auto’s stean dan stil, raast it provinsjaal bestjoer fan Fryslân ynienen oan de protters. Skriuwt driichbrieven nei Den Haach. Doch wat oan dy brêge ferdomme. Wylst, achte deputearre Kielstra, dy brêge, dy slûs en dy brêgebeammen yn Koarnwertersân al jierren en jierren swierrichheden ha. Geregeld stiet de hannel dêr stil. Geduldich, want se tinke alle kearen mar wer hoe moai as jim it allegear meitsje sille mei dy Ofslútdyk.

Jim meie bêst ris wat roppe, om my faker, mar yn dit gefal hie Fryslân him al jierren earder manifestearje moatten tsjin it rânestêdtinkend kabinet. En wat no? No, ien gearkomste fan elkenien oer de slûs en brêgen. Ien beslissing. Daliks útfiere. En de rest fan de Ofslútdyk dêr dan mar neffens keppelje. En as it regear de slûs net breder meitsje wol, al of net mei Europeeske subsydzje, dan dogge we it dochs sels. ‘Ter benifitie’ fan ús Iselmar en Waadtoerisme, ús skipsbou, de Urker fiskerij, de nasjonale binnenfeart en, toe dan mar, ek dy 1200 idioate buskes."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)