'Kollum hoecht gjin grand kafee'

20 jun 2003 - 00:00

De gemeenteried fan Kollumerlân is ferdield oer de plannen mei it âlde gemeentehûs yn Kollum. Dêryn soe in grand kafee komme moatte mei op it terrein dêrachter nije senioarewenten.

Hoareka-ûndernimmers tinke dat sa'n kafee yn Kollum net út kin. Ek de PvdA yn de gemeenteried leaut net dat de Kollumers dêrop sitte te wachtsjen. De FNP is op de plannen tsjin, omdat nijbou net past yn de buert fan in monumint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)