Kollum: "Hjir bin ik, mar wa bin ik?"

04 apr 2016 - 09:52
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Krekt foar it wykein gong sikehûs MCL hjir yn Ljouwert oer op in nij elektroanysk pasjintedossier. Alle âlde dossiers waarden ien foar ien oan it nije systeem keppele. Dêrmei is alles no folslein digitaal. Dus mocht ik ynkoarten nochris yn it sikehûs komme, dan ha se my yn in fluitsje fan in sint fûn. En dat is moai, want ik bin altyd lestich te identifisearjen.

Foar dit ferhaal moat we efkes werom yn de tiid. Ik wie 14 jier en siet yn de twadde klasse op de middelbere skoalle. Foar it fak CKV, Culturele Kunstzinnige Vorming, moasten wy ferplicht kulturele aktiviteiten ûndernimme. De ynfolling fan de term ‘kultureel’ wie trouwens hiel breed. Sa foel in besite oan de foarstelling fan de pleatslike toanielferiening ek ûnder kultureel, lykas in konsert fan myn eigen fanfarekorps. Hiel lestich wie it dus net om dit ferplichte listje mei kulturele útsjes te foljen.

Mar op it listje stie ek in ferplichte besite oan in kulturele film. En lit no tafallich yn dat jier de film Nynke fan regisseur Pieter Verhoeff yn de bioskopen draaie. Alle famkes mei de namme Nynke mochten dêr fergees hinne. Dus fielst ‘m al oankommen: dit wie myn kâns om ek dizze lêste aktiviteit ôf te finken op myn CKV to do list.

Elkenien kin wol sizze dat se Nynke hjitte, dus dêrom stelden de bioskopen as regel datst dy identifisearje moast. Mar lit my as 14-jierrige húshin no hielendal gjin id-kaart of paspoart hawwe. Wy kamen eartiids mei fakânsjes net fierder as Appelskea en it Land van Bartje, dus in paspoart wie oerstallich. Mar no moast ik der dus wol ien brûke. Ek myn broer hie der ien noadich foar it oanfreegjen fan syn brommerrydbewiis.

Hy gong op in woansdeitemiddei, wit ik noch, en kaam thús mei it ferhaal dat se him oan in strang krúsferhoar bleatsteld hiene by de gemeente. Hy moast alderhande fragen beäntwurdzje oer jierdeis fan heit en mem, bruorkes en suskes. Ik wit no, 16 jier letter, noch altyd net hoe âld ús heit en mem binne, dus waard der flink oefene op de fragen. Ik waard hielendal brainwashed en wist alle jierdeis yn rap tempo op te dreunen.

In dei letter stie ik mei alle data yn de holle by de baly fan it gemeentehûs. De balyjuffer seach my strang oan. Ik melde dat ik graach in id-kaart oanfreegje woe. Dat koe wol, sei se, mar se moast earst tsjekke oft ik wol wie, wa’t ik sei dat ik wie. Dus frege se nei de jierdei fan ús heit.
Floep! Dêr wie myn antwurd. En myn mem dan? Hatsjikidee, de datum fleach der samar út. Mar doe kaam it: wannear wiene myn heit en mem troud? Gjin flauw idee fansels, want dat hie’k net leard.
Wêr wiene se dan troud? Tsja, dat koe oeral wol wêze, ik wie der per slot fan rekken sels net by, sei ik. De blik fan de balyjuffer waard hieltyd stranger.

Doe kaam de meast geniale fraach dy’t se betinke koe om te tsjekken oft ik wol wier Nynke van der Zee wie. Mei hoefolle minsken wenje jimme thús, frege se. Ha, sei ik, dy wit ik. Mei syn fiven. Se loerde nei har kompjûterskerm en skodde doe feninich mei de holle. Nee? Ik seach har oan. Se skodde noch altyd mei de holle. ‘Ik wit dochs wol seker dat wy mei fiif binne’, sei ik. ‘Of der moat hjoed noch ien by kaam wêze.’ Ik lake, mar de balyjuffer wie ûnferbidlik. ‘Wat is dan it goede antwurd?’ frege ik. ‘Seis’, sei se. ‘Seis?’, frege ik.

Wat die no bliken, myn oerbeppe wie nei har ferstjerren net útskreaun út it persoaneregister fan de gemeente en wenne neffens de administraasje dêrom noch altyd op it adres, dêr’t wy yntusken al mear as 16 jier wennen. It minske hie wol 110 wêze moatten, mocht de administraasje kloppe. Mar goed, wat al net kin.

De yntusken pissige balyjuffer joech har fout ta, drukte my mei de rêch tsjin de muorre om my op te mjitten, rûtste it mjitlint lâns myn holle en stapte doe brimstich werom nei har plakje efter de baly. ‘Kinst de kaart nije wike ophelje’, sei se mei ophelle noas. ‘Nije wike?’ sei ik. Wie soene de jûns nei de film, dus ik hie ‘m fuortendaliks noadich. ‘It meitsjen fan in id-kaart duorret in wike’, sei se suver smeulsk. ‘Dat is fan hjoed ôf yngong.’

Dy jûns stie ik mei in groepke fan sân froulju by de baly fan de bioskoop. ‘Ik hjit Nynke’, sei ik tsjin de bioskoopfrou. ‘Mar ik ha gjin id-kaart.’ ‘Dat is wol goed’, sei se. En klear wie it. Hie dy hiele id-kaart efterôf sjoen dus net iens noadich west. Mar, it smiet my wol in sterk ferhaal op dêr’t wy mei ús ‘seizen’ thús letter noch hiel hurd om lake ha."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)