Kollum: "Hierkeap"

28 okt 2015 - 08:47
  • De Toan fan Eelke Lok

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Oeral yn it lân wurde boargemasters en wethâlders mei de dea bedrige. Mar yn Fryslân: wy sjouwe se op de skouders yn joechei yn de rûnte. Wat dogge dy lju goed wurk. En dat mien ik echt. Se hawwe alle sinjalen goed oppakt. Se binne allegear dwaande om it wenjen yn Fryslân hielendal geskikt te meitsjen foar de fraach. De nije fraach.

Alle dagen stean der wol plannen yn de krante oer safolle sosjale wenten foar de legere ynkommens, dat en dat komt hjir, dêr komme wer nije keaphuzen, dêr knappe we de hiele saak wer op mei jild fan de oerheid. Oan de kant stean we allegear te applaudissearjen. Inkeld de wethâlders fan Ljouwert en Súdwest-Fryslân moasten efkes yn de slach mei de grimmitige hoarekajonges doe’t se ynienen ûnbidich grutte wrâldwokrestaurants op yndustryterreinen sette woenen, mar dat is sawat ek al wer behimmele.

Moandei kaam der in nij inisjatyf fan de gemeente Marrelân nei bûten fia de webside fan de VNG, de gemeenten mei-inoar. Want Marrelân bestie net inkeld út marren en lân, mar ek út wenten. Ferline jier ha se dêr in pilot oer hân, eeh ….. in oefeninkje sis mar. Nee, net dat gedoch oer it asylsikerssintrum yn Riis of sa, dat komt no gewoan sa fier mooglik fan De Jouwer ôf, dus yn Balk. De Balksters ha no in spandoek yn in maisfjild set, smyt it hjir mar del, mar dêr ha we it dus net oer.

Nee, de pilot gie oer lju mei in dikke skuld, mar dy wenje noch wol yn in eigen hûs, wat fansels folle minder wurdich is as doe’t se it foar 2008 kocht hienen. Der bin foar dy lju allerhande oplossings socht, mar De Fryske Marren hat it no fûn. Se litte it hûs keapje troch in partner fan de gemeente. Ja, sa neame se dat, partner. En dan kin dy minsken dy’t yn dat hûs wenje dêr gewoan yn wenjen bliuwe. Inkeld se moatte dan hier betelje oan dy partner. De pilot, ien gesin, gie perfekt. Dus seit de gemeente no: dit moatte we mar faker dwaan.

Ik ha der lang oer neitocht. Ik tink dat de rige lju dy’t by de gemeente dêrfoar oanklopje sil, langer is as dy foar de draaimole yn de Efteling. Wat simpel. Wat goed. Der keapet ien je hûs, en je betelje tenei hier en je kin gewoan yn jo hûs wenjen bliuwe.

Tsja. No is fansels it ferfelende dat je dan noch je skuld ôfbetelje moatte. Dus de hier fan it hûs moat leger wêze as wat je oan de hypoteek betelje moasten. Oars hâld je noch net genôch oer, dan kin je je skuld net ôflosse. It is in ûnderdiel fan skuldsanearring. De lju dy’t se ferwachtsje ha in dikke skuld neffens de wethâlder, frou Schouwerwou. Mar ik tink dat it foar lju mei in lytse skuld ek wol handich is in tiidsje minder jild betelje te moatten as no hypoteek en ôflossing freegje. Want it is de bedoeling dat as je de skuld ôflost ha, dat je dan je hûs wer keapje kinne, je ha de earste opsje.

No frou Schouwerwou har rige stiet fan Heremastate oant Aldehaske ta. Se ferwachtet dan ek dat oare gemeenten it selde inisjatyf nimme sille. Dat wurdt nuodlik. Want wa is dy partner fan de gemeente dy’t jo hûs keapet en jo as hierder sitte lit. En it eventueel wer oan jo ferkeapet. Mar it hûs is dan folle goedkeaper wurden, want partner hat it ek foar minder jild kocht. En jo kin miskien by de bank in legere hypoteek krije, de rinte fan hjoed-de-dei.

Mar wa is dy golle partner? Dat is in gouden minske, dy’t hiel bot begien is mei lju dy’t grutte skulden ha. In Dagobert Duck, mar dan tsien kear sa aardich. In golle gouden man. Dat sokken noch bestean.

Wa is dat? Frou Schouwerwou fertelt it net. Dus der sil wol in soad heakken en oezen oan de plannen sitte dy’t we net kinne. Mar help oan skuldsanearring sûnder dat it de oerheid jild kostet, ek al is it net weilein foar elk, is dochs prima. Mar ik bin benaud dat de regeling yngiet op 1 april 2016."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)