Kollum: "Henkie"

11 aug 2015 - 10:03
  • De Toan fan Jacob Stelwagen

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Fryslân Fan 'e moarn-presintator Jacob Stelwagen hat dizze wiken fakânsje, mar lit mei in kollum dochs fan him hearre!

Henkie

It betelle fuotbal yn Fryslân begjint hjoed. Noch letter hie my ek goed west, want ik bin der noch net oan ta. Ik wit... It is gefaarlik om te sizzen, omdat it te krijen hat mei de man dy't sa stadichoan ús nasjonale knuffelbeer is. Henk de Jong. Of gewoan Henk. Of Henkie. Eltsenien mei gewoan Henk of Henkie sizze, omdat Henk sa gewoan is. En sa autentyk. En ik kin der net mear oer.

Ik haw Henk mar ien kear sjoen. Dat wie yn it gebou fan de Omrop en der wie ek in jonge mei in handikap. Dy jonge hie ea in clinic hân fan Henk. Henk wist noch wêr dat wie, wêrom dat wie, wat de namme fan dy jonge wie en noch folle mear. No soe it sa wêze kinne dat Henk nea clinics jout en dat er dy iene dêrom maklik ûnthâlde kin, mar dat leau ik eins net. Dat is Henk. Sa gewoan. Sa autentyk. Mar it hat genôch west. Altyd mar gewoan en altyd mar autentyk. Ik wurd der wurch fan en fan it geneuzel deroer noch folle mear. Alle wiken wer... It is my tefolle fan itselde.

Fritz Korbach wie autentyk. Hearrenfean ferlear in bekerwedstryd fan in stel amateurs. Fritz, by autentike minsken is ynienen allinnich de foarnamme genôch, sette pionnen yn in fjouwerkant en in stoel yn it midden. Op dy stoel siet Fritz, mei sigaar. De spilers draafden om de pionnen hinne en yntusken ferdwûn Fritz achter dikke reekplûmen. Nei in kertier of sa frege Gertjan Verbeek wêrom soks eins moast. Dat komt... Gertjan is ek sa allemachtige autentyk. Nei elts ûntslach fleurich laitsjend foar it each fan in draaiende kamera wer in nije blokhut yn elkoar timmerje. Dat is ien kear leuk, mar Gertjan is yntiids sa faak oan de kant setten dat er hast in beskieden fekânsjepark hawwe moat. Dy Gertjan frege Fritz wêrom sy allinnich mar rûntsjes draafden. Fritz sei allinne: “Jullie dom voetballen, ik dom trainen.” Punt. Drave kring.

Goed. Henk dus. Of Henkie. It publyk sjongt de spilers ta by in achterstân fan 1-12 tsjin Klokketorense Boys? Henk fynt it prachtich. Skitterend. It publyk fluitet de eigen spilers út nei trije minuten en twa ferkearde passes? Ik fyn it gedrach foar bedoarne beukers, mar neffens Henk (Henkie) is dat ynienen belutsenheid of sa. Skitterend. Ik haw it dizze oefenkampanje mar in bytsje folge, mar wat ik hearde wie genôch. De resultaten foelen net ta, mar Henk (of Henkie) hie allegear prachtige dingen sjoen. In spiler dy't yn ien aksje twa cornerflaggen rekket, de middenstip út it fjild skopt en eindigt yn de hekken? Wat in ynset! Nee, Henk. Dat is gepruts. It is trouwens net allinnich dyn eigen skuld, Henk. Ferslachjouwers, benammen dy fan lanlike omroppen, kinne der wat mei. Wat bist wer gewoan hjoed, Henk. Sa autentyk. Prachtich. Skitterend. It punt is... Dat hearre we no al twa jier lang. Santich wedstriden. Non-stop.

En ik sil earlik wêze, Henkie... Ik leau der gjin fuck mear fan. Sa posityf en sa leuk gewoan en sa leuk autentyk wêze... Dat is net normaal. Hoe hâldst it fol? En hoe hâldst dat geswets fan dy ferslachjouwers eins fol? Dat slagget allinnich ast in baas akteur bist. Aanst moatst wer nei 34 wedstriden fan op syn minst seis ferslachjouwers hearre hoe autentyk ast bist en hoe gewoan. Do hast dochs ek wolris nocht om blyn fan frustraasje in barkruk op in biljert stikken te slaan? Of op in spiler? Om in kear in stadion in bytsje yn brân te stekken? Dat is hiel minslik hear. Jou it mar ta.

Ik haw dy wol troch hear, Henk (Henkie)... Dizze wike lies ik op de website fan VI: “Ons doel? Zorgen dat we niet op een van de onderste drie plaatsen eindigen. Dan zijn we opnieuw wereldkampioen geworden.” Skitterend. Hiel autentyk hear, mar tusken de rigels lês ik... As wy mei dizze kreupele binde net degradearje, dan is dat it achtste wrâldwûnder. Ik gun it dy Henk, echt, mar gun mei dan it njoggende wrâldwûnder. Sjit ris út dyn slof. Kinst it! De earste ferslachjouwer dy't it wurd autentyk brûkt, joust mei de flakke hân in bêste pets op syn wang. En dan seist: “Bin ik no sa tûk of bisto sa stom? Dit seist alle wiken tsjin my. Idioat.”

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)