Kollum hat wettersport nedich

03 jan 2013 - 20:24

De wettersporttoerist is nedich om Kollum ek yn de takomst oerein te hâlden. Dat seit foarsitter Jan Barkmeijer fan doarpsbelang Kollum. Mear wettersporttoeristen betsjut mear wurkgelegenheid en mear winkels. Yn de ôfrûne jierren hat Kollum in soad banen ferlern troch it ferdwinen fan ferskate bedriuwen. Troch no yn te stekken op de wettersport hopet doarpsbelang dat der wer tsientallen banen bykomme kinne.

Tongersdei waard bekend dat Kollum 2 miljoen euro subsydzje fan de provinsje krijt foar de realisaasje fan de wettersportambysjes.

Dat jild sil ûnder oaren brûkt wurde foar it ferheegjen fan brêgen en de oanlis fan steigers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)