Kollum: "Gekkehûs"

22 jan 2016 - 08:54
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"It is foar ús tiid foar in nij hûs en dus bin ik op jacht. Ik sjoch de godgânske dei op Funda. Oh leave stumper, wat is dat in ferslaving. Yn bad, op de wc, yn de rige foar de kassa, as ik de poppe de flesse jou, ek al giet de molke neist har mûle, kin 't skele, ik moat trochklikke. Ik kom nergens mear oan ta, de kat hat al dagen gjin brokjes mear hân, myn bedriuw stiet op ynstoarten en it húshâlden is hjir ien grutte gaos. Ik scroll foaral lâns huzen dêr't ik seker fan wit dat ik se nevernoait betelje kin. Yn in sjike wyk yn Haarlim bygelyks. It leit ynsnoerd tusken de dunen en gerslân dêr't kij rinne. Docht my oan Fryslân tinken.

Der steane fan dy jierren tritich wenten mei in protte ljocht en in protte romte. Se ha de nijste badkeamers, designmeubels, en skitterjende kookeilannen. Keunst oan de muorre en in âldtimer foar de doar. Ik sjoch my al stean by sa'n kookeilân. Ik kin dan fansels ek ferrekte goed itensiede as ik sa'n hûs besit. Nei it iten stap ik dan yn myn mantelpakje en hege hakken fan Prada de doar út, ik ha dan ek in echt kapsel, en sa start ik de moter fan myn Jaguar. De wrâld soe fredich wêze as ik dêr wenje soe. Yn it noard-easten fan de provinsje Grinslân mei ik ek graach rûn sjen fia de huzesite. Ha se skitterjende artdeco lânhuzen. Fan de eardere graanboeren wytst wol. Ik sjoch mysels dan al in yoga-skoalle begjinnen yn ien fan dy grutte romten fan sa'n lânhûs. En dan nim ik ek in geit yn de allemachtichst grutte tún. En in grientetún fol my strûpmoes en slaad en woartels. Ik kin net iens yoga en ik fyn geiten eins stjonken, mar wat soe ik gelokkich wêze.

Der is op Funda no ek in funksje 'bûtenlân'. Kinne je klikke op huzen yn Frankryk, Dútslân en Spanje. Hearlik. In ekstra diminsje oan myn deidreamgekte. Alhoewol't, eins is it antropology en skiednis. Echt hear. Je leare fan alles oer stêden en doarpen. It is antropologysk deidreame. Myn deidreamen nimme geandewei wat meunsterlike foarmen oan. Lêsten siet ik te sjen nei in agriturismo yn Italië fan 7,5 ton. "In de glooiende heuvels, tussen enerzijds de imposante bergen van het nationaal park Monti Sibillini en anderzijds de Adriatische kust, ligt de sfeervol gerenoveerde boerderij van ruim 150 jaar oud." Ik beseach de foto's en folsleine panyk makke him fan my meester. Yn myn holle wenne ik der nammentlik al. Mar wêr moast ús famke dan nei skoalle? En hoe fluch kin in minsk Italiaansk leare? En kin ik myn wurk wol dwaan fanút Montelparo? It swit stie my op de rêch. Mar in minútsje letter hie ik alwer oare problemen. Ik klikte op in petit château út 1928 mei een royaal swimbad, yn Frankryk en tocht: wêr helje ik dan moarns myn pain? Jo hearre it al, ik wie hast ryp foar it gekkehûs. Ik ha mysels no op in Funda-detox set. Cold Turkey fan de Funda ôf. Ik trilje der oer. En byt op swiethoutsjes. It sil wol in rychjeshûs wurde. Trettjin yn in dozyn. Mei in lyts, smûk túntsje. Dêr wurde we ek gelokkich. Heus."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)