Kollum: "Foto's, foto's, foto's"

26 feb 2016 - 09:03
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"Fotograaf Anton Corbijn hâld net fan digitale kamera's. Anton Corbijn is tink ik de bekendste fotograaf fan ús lân. Hy hat sawat elke grutte popster wolris fotografearre, sa as David Bowie, Iggy Pop, Tom Waits, Mick Jagger en U2.

Hy hâldt net fan de kleuren fan de digitale kamera, mar foaral net fan it flechtige derfan. Fotografen fan tsjintwurdich, seit er, sitte hieltyd nei harren skermke op de kamera te sjen, se klikke wer, sjogge wer nei it skermke, klikke wer en dan is er gjin konneksje mei dat wat se foar de lins ha. Dêr komt by dat se in hiele protte foto's meitsje. Under it mom fan, der sit altyd wol wat tusken. Dat fynt Corbijn lui. Dan sjogge je net echt mear.

Corbijn docht dat oars. Hy soe de bekende Sineeske keunstner Ai WeiWei fêstlizze. Hy hie miskien in healoere en hie mar ien roltsje mei foar Ai WeiWei. Uteinlik makke er mar in pear foto's. Hy is dus hiel bewust dwaande mei syn objekt.

Der sit echt wol wat yn syn filosofy, fyn ik. It yllustrearret in bytsje ús hjoeddeistige, flechtige tiid. Ik werken mysels der yn elk gefal wol yn.

Myn kompjûter die raar en ik moast as in gek myn foto's en dokuminten backuppe. Ik tocht sels dat it wol meifoel mei it oantal foto's dat ik hie, mar ik blykte tûzenen foto's te ha. En dat is noch lang net alles. It komt troch myn smartphone. Dêr sit in moaie kamera op en ik doch presys dêr't Anton Corbijn in hekel oan hat: ik klik mar wat by lokraak op it kamerake en set se dêrnei gedachteleas op myn kompjûter yn it mapke 'afbeeldingen'. It grutbringen fan ús dochterke wurdt happich fêstlein. Mar ek gewoane deistige dinkjes. Fotootsjes, fotootsjes, fotootsjes. Mar sa ferliest it syn wearde. It is gjin kwaliteit, it is kwantiteit.

Myn kat Sybrandt siet op in moanne hiel moai yn de sinne. Hy tekene prachtich djipswart ôf tsjin it felle, giele ljocht dat de keamer ynfoel. Syn giele eagen ljochten moai op. Wol tsien foto's makke ik. Snel, snel, snel. Klik, klik, klik. Sa giet dat.

Omdat ik no sa'n protte foto's op myn kompjûter ha, lit ik nea mear wat ôfdrukke. Foardat ik de peareltsjes fûn ha tusken al dizze foto's, bin ik in hiel wykein fierder. It jout eins stress. It is wat deiblêd Trouw fan 'e wike skreau: te folle guod makket ûngelokkich. We 'ferspulle'. Boppedat liket it wol as der in soarte fan flechtichheid oan de foto's te merken is. Dat is tink ik wat Anton Corbijn bedoelt. Hy makket se mei in hiele protte oandacht. En dan hoech je der net folle. Ien is genôch. Wat ik ek mis troch alle digitale foto's is it blêdzjen troch fotoboeken. Hearlik. Foto's hiene boppedat ek in hânskrift. Op ús bernefoto's kin we presys sjen of it Pake Willem wie dy it fototastel beet hie, want dan stjit der altyd krekt in holle heal op. Prachtich.

Ik nim my foar om as Anton Corbijn te dwaan: mei oandacht sjen, mei oandacht foto's meitsje, op it momint dat echt wichtich is. As wie it de lêste foto fan in fotoroltsje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)