Kollum: "Feu"

13 nov 2015 - 08:59
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, Halbe Zijlstra, de Fryske taal of wat har ek mar ferwûnderet.

"Earme, earme bern. Feu is ticht! Jo witte wol, de bekendste disko fan Drachten. Wat in drama. 

Wêr moatte pubers no hinne om wat ûnbehelplike dûnspaskes te meitsjen op de dûnsflier, sûnder dy leuke jonge út it each te ferliezen? 
Wêr moatte achttjinjierrigen no teloarsteld foar harren út stoarje, boppe in glês dea bier, omdat it moaiste famke fan de disko der mei in oar fan troch is? 
Wêr moatte se no foar it earst harren pubertongen ferstrengelje, of sa as myn kollega-sjoernalist Lammert seit: elkoar de bek himmelje? 
Wêr moatte se har earste drankje drinke?

Yn myn Feu-tiid dronken we bessen-jus of Passoa. Letter wie it Apfelkorn. Ek fan dat swiete spul wêrfan't it glazuer je fan de tosken springt en wêrfan't je earst net trochhawwe dat it der best wol ynhakt omdat it as ranja smakket. Feu, dêr't we yn ûs koarte topkes en rokjes in rûntsje rûnen, saneamd om bekenden tsjin te kommen. Feu, dêr't in jonge yn in fersierspoging tsjin myn freondinne sei: "hou je van hobby's?" We ha der no noch wille om. It wie earne yn 1995. Doe spile Syb van der Ploeg noch covers mei syn band. Hy siet nei it optreden gewoan oan de bar, neist myn skoansus, hy hie doe noch gjin heldestatus ferovere of Jezus spile. 

Ik bin fan de twadde Feu-generaasje. Us heit en mem kamen der ek al, begjin jierren santich. Doe hjitte it noch Jennifeu. It is ferneamd nei de frou van de oprjochter, Jennifer. Doe't se de beklaaiïng foar de ruten makken mei de nije namme derop, dy grutte reade markys-dingen foar de ruten, hiene se wierskynlik in gleske tefolle op, want de R fan Jennifer waard per ûngelok ferwiksele me de U en dêrom waard it Jennifeu.

Us mem dronk der Berenburg Sevenup, of Sneeuwwitje, of Martini on the Rocks. Klinkt in stik mear 'classy' as de ordinêre bessen-jus. Us heit en mem ha elkoar yn Feu foar it earst spot. Dus minsken, sûnder Feu gjin kollumniste op freed. 

Mar no is it út mei de romantyk. Der sil de kommende tiid gjin puberleafde mear opbloeie. It Drachtster útgeanslibben sil ferbleke, as in foto dy't te lang yn de sinne lein hat.

Boargemaster Van Bekkum goaide woansdei de doarren ticht. Hy kaam der eartiids sels ek. Fjirtich meiwurkers kinne dit wykein tomkedraaie. Oan de oare kant fan de dyk, by Champino, kinne se it hert ek net ophelje, want dy is ek ticht. It stamkafee derneist is in ideetsje, miskien. Dêr hiene se eartiids in pappegaai dy’t Coco hjitte. Ik kin it witte, want myn tsjeppe muoike wie doe de barfrou. It bernebrein wol noch wolris op 'e rin slaan, mar ik kin my herinnerje dat Coco ea ris út fermiend alkoholisme fan de bar foel. Tusken de stamgasten yn.

Mar blikstienders. Feu! De eigeners, de bruorren Boxum, soannen fan oprjochter Rein Boxum, ha de saken net goed foar elkoar. Dit hat eat te krijen mei fergunningen. Foarich jier wie de boel al fallyt, tegearre mei fiif oare hoarekasaken, ûnder oaren Rumours yn Ljouwert.

De kurator liet witte dat hy de yndruk hie dat it om in “goed regisseerd” fallisemint gong. It saakje stjonkt dus wol wat. De nammen fan de fennoatskippen wiene doe hurd yn nammen as Holle Bolle Gijs en Piets Snackbar Enschede omdoopt om imagoskea te foarkommen. Holle Bolle Gijs stie foar Rumours, Jennifeu waard Bakkerij Limburg, Champino waard Piets Snackbar Enschede. It wie lolliger west as se Champino de Laatste Hoop neamt hiene, sa waard it altyd al neamd, as bar foar desperate sikers.  

Beste eigeners fan Feu, by dizze in oprop. 
Regelje jim saken! Jim trêneare puberleafdes. En dêrmei de romantyk. Jim binne romantykkillers. Dus regelje it. En gau in bytsje. Soargje dat der wer foarsichtige dûnspaskes op de dûnsflier makke wurde en jonges de famkes net út it each ferlieze." 

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)