Kollum fersteurt feest B'post

12 apr 2011 - 21:37

Bûtenpost is der tiisdei net yn slagge om kampioen te wurden yn de twadde klasse I fan it sneonsamateurfuotbal. De ploech fan Johannes Douma kaam net fierder as in teloarstellend lykspul tsjin degradaasjekandidaat Kollum.

Mei dat resultaat mocht Bûtenpost net iens ûntefreden wêze, want Kollum stie lang mei 1-0 foar troch in goal fan Joop Pijnacker, krekt foar it skoft. Pas yn de 88e minút kaam de lykmakker foar Bûtenpost op it boerd. De goal waard makke troch Astrit Berisha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)