Kollum: "Ferslaafd"

27 nov 2015 - 09:01
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert.

"Drop, kikkertsjes, soere matten, sûkelade, banketstêf, bokkepoaten, kletskoppen.

It is sa hearlik om te snobjen. Foaral op momintsjes dat je efkes neat om hannen hawwe. Yn de auto bygelyks. Foardat je it witte, binne je de autodrop gedachteleas yn de snappert oan it propjen. It is sa ferhipte dreech om der ôf te bliuwen. We witte allegearre wol dat it net goed is: sûker. We dije massaal út en krije dêrtroch allegearre klachten, yadeyadeyade, jo witte it wol. It skynt dat we yn trijehûndert jier yn rike lannen fan gemiddeld twa kilo sûker nei fyftich kilo gong binne. We ferswietsje massaal.

It sit hast oeral yn. Yn ferpakt guod dan benammen. Ek wêr't je it net ferwachtsje. Yn pûdsjes sop, yn dressings, yn ketchup, yn cruesli, muesli, bakjes tonynsalade, sels yn in blik wite beannen. Sjoch mar ris op it etiket. Ik wit dat, want jim ha hjir te meitsjen mei in echte ferslaafde. By de AA, de Anonymous Alcoholics, soe dit it momint wêze dat ik opstean soe en sis: Hi, my name is Nynke and I am an alcoholic. En dan soene jim werom sizze: Hello Nynke, welcome. Dus no sis ik: Hello, myn namme is Nynke en ik bin in sûkerferslaafde. Yn de hoopje dat jim no tsjin de radio sizze: Hoi Nynke! Wolkom.

Op in dei hie ik skjin myn nocht.Ik wie de hiele tiid sá wurch! Siet ik yn de auto nei myn wurk, woe ik eins de auto wol oan de kant sette, sa slûch. Nei wat undersyk moast ik konkludearje dat it oan al dat snobbersguod lei. It putte my út. Net sa frjemd, want it hat deselde útwurking op de harsens as kokaïne, smoken en alkohol. Wurde je ek net echt fit fan.

Dus ik radikaal fan de sûker ôf. Gjin hagelslach op de bôle. Gjin sûker-cruesli troch de yochert moarns, mar waarme havermout mei banaan en wat rezyntsjes (dêr't trouwens ek faak sûker ynsit). En je wenne oan havermout, ek al priuwt it yn it begjin nei karton. Gjin frisdrank mear, mar troebele appelsap út fan dy glêzen flessen. Gjin sûker yn de tee of kofje, dat is foar lytse bern. Gjin koekjes mear mei nei it wurk mar fruit. En woartels. Foar tuskentroch. Ik yt mear woartels as Bugs Bunny. En wat ek handich is: ik doch in diel fan myn boadskippen by de ekowinkel. Wurket hiel goed tsjin sûkerferslaving, want dêr is dochs neat lekkers.

No, dat ôfkicken wie ferrekte lestich. Krige ik in tebekfal. Moast ik om in oere as tsien per se ierdbeifiters ha, of sa as myn freon seit: plestik slierten. Gemyske troep, mar myn favoryt. Binne oant 2065 hâldber. Dus hup, yn it tsjuster nei de ‘Avondwinkel’ of de benzinepomp. En dan hastich de ierdbeifiters ôfrekkenje, as in junk. De bút brânend yn de bûse.

Ik kickte hiel langsum ôf, de ûntwenningsferskynsels waarden hieltyd wat minder en ik fielde my grif better. Ik wie fitter en de slûchheid waard echt minder. Ik gapje no noait mear bygelyks, sa apart. No noch in geastlik harnas úntwikkelje foar alle fretterij yn winkels as de Hema en Kruidvat as je dêr foar in ûnderbroek komme of in toskeboarstel. It is in duvelske pleach. Foaral no, yn Sinteklaastiid. En troch dizze kollum ha ik ek noch ûntdutsen dat de Jamin online besoargje lit. Net sa best foar swakkelingen sa as ik.

Je moatte net fan sûker wêze om alle ferliedingen te wjerstean. Hello, my name is Nynke and I am a sugar-addict."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Sneon wer in nije kollum yn No yn Fryslân, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)