Kollum: "Ferdivedaasje en konsternaasje"

08 jan 2016 - 08:57
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it deistich libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"Myn feint snapte der neat fan. "Jullie Friezen...", preuvele er en skodde syn holle sêft. "Als die ijs zien, zijn ze niet meer te houden. Net koeien in de lente die voor het eerst naar buiten mogen." Ik wie yndied sa'n ko. Wannear't ik mar koe, hong ik ôfrûne wike foar de tillevyzje of kompjûter om iisfilmkes te besjen. It wiene drege tiden foar in Friezinne om utens. Sa seach ik âld-reedrydster Renate Groenewold in rûntsje om har hûs riden, in pear slachjes lâns de jisketonnen en poatsje-oer lâns de stoepe, ik seach in man glydzjen oer in kearsrjochte beferzen reed yn Drinte, bern dy't yn Fryslân en Grinslân troch strjitten glibberen. Wedstrydsjes straatsen, en in filmke fan myn eigen muoikesizzers dy't foar hûs ride koenen. Skoallen ticht, bussen en treinen rieden net, iispegels dy't fan 'e Brandaris foelen, molkweinen dy't gjin molke ophelje koenen, thússoarch dy't net komme koe om de steunhoazzen om de fuotten te hisen, in frachtwein mei striesâlt op 'e kop yn 'e greppel en trije dagen gjin post. Wat in konsternaasje.

De slapstick-filmkes wienen ek sa leuk. Sa as de man dy't efkes in jiskepûde yn de kontener smite soe. Hy kaam de stoepe net op. Ik ha ek in tiid sitten te wachtsjen op filmkes fan jimme, waggeljend as pinguïns oer de glêde stoepen en paadsjes. As je waggelje mei de fuotten in bytsje útinoar, kinne je better oer iis rinne. Je leare nochris wat yn tiden fan koade read. Jo hearre wol: ik haw álles besjoen. Ik siet as in dwaas oan de byldskermen fêstplakt. Wat in ferdivedaasje. Wat in konsternaasje. En al dizze bylden wiene totaal surrealistysk want hjir yn de stêd wie it in graad as 7. Mar ynienen fernaam ik ynflaasje yn de ferdivedaasje en konsternaasje. Nei trije dagen koade read binne je blykber oan de situaasje wend. De lol wie der wat ôf en de ferfeling sloech ta. Dêrmei begûn ek it bagatellisearjen by guon Friezen. "Ik freegje my ôf wêrom't it noch hieltyd koade read is. Ik koe juster wer gewoan nei de winkel. En Jantsje en Tseard koene gewoan oan it wurk", sei ien. "Froeger hiene we hielendal gjin koade read!", sei de oar. "De izel fan 1987. Dat wie pas heftich!", sei de tredde. "Doe knakten de beammen as lúsjefersstokjes. It spoeke oeral. We hiene noch gjin ynternet of smartphones dus je giene gewoan de dyk op."

"Nee, dan de sniestoarmen fan 1979! Doe koene je iglo's bouwe. De snie stie like heech as de skoarstien! We koene wikenlang de doar net út. We moasten ús hiele foarried opite en hiene in diëet fan blikjes smac en saroma en spikerhurde bôle mei Bebogeen! Oan 'e ein moasten we de hinnen mar opite." Herinneringen ferfage en wurde dêrmei moaier en moaier. Feit is, jimme sieten no yn deselde situaasje as doe en dêr wolle je op in gegeven momint wol fan ôf. Ik kin my foarstelle dat jimme no wol jimme nocht hawwe. Wat sille jim genietsje fan in kuikerke nei de bakker foar in farske waarme bôle. Ik wit net wa't it sei, it wie op Facebook. 'I'm so glêd izel is over'."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)