Kollum: "Ferbiningen"

04 nov 2015 - 08:53
  • De Toan fan Eelke Lok

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Sjoernalisten tinke somtiden dat alles mei mekoar te krijen hat. Foarbyldsje. Yn Drachten komt der nea in hûn yn de parkeargaraazje, lit stean in auto. De sintrummanager dêr fynt dat logysk, dêr is oar plak genôch foar. De gemeente hat lykwols no besletten dat it uterste ferge wurde moat fan de auto’s. Se hanthavenje it betelle parkearjen, sels op feestdagen, as Snits en Ljouwert it der efkes ôfsmite.

No ja, dan wol Beetstersweach him wol profilearje as keapstêd en dus ha se dêr in sintrummanager oanlutsen om it te regeljen. Se wiene in dei te betiid, want juster die bliken dat ynwenner Loek Hermans hjir no wol moai tiid foar hân hie. En dizze funksje is sa dizich, dêr hie hy nea oer stroffele. Mar sels wy wiene net nei De Sweach kaam foar Loek Hermans.

Wy bin nammentlik hiel lokkich oer hoe’t de wrâld no ynmekoar sit, hoe't it allegear rint. Sterker, wy Friezen bin it lokkichste folk fan Nederlân. En om't Nederlanners it lokkichste folk fan de wrâld binne, binne wy it lokkichste fan de wrâld. Wat kin we dêrmei? Ik soe’t net witte. Hâlde we ynienen op mei kleien? Nee, ik hear in soad minsken kleien en seuren. Bygelyks, it Abe Lenstra stadion siet snein oan de nok ta fol. Der hiene noch wol folle mear yn wollen, dy wiene dus net lokkich. En dy’t dêr sieten wiene wol lokkich dat se dêr by wiene, mar doe klagen de Cambuur supporters wer dat harren ploech sa min spile dat it like dat Hearrenfean hiel goed wie. Dus by Hearrenfean wiene se te lokkich, mar by Cambuur twa kear ûngelokkich, foaral om't se by Hearrenfean sa lokkich wiene.

Wat is lok?

87 persint fan de Friezen is lokkich. De oare 13 persint wennet yn Wânswert. Alle doarpen yn Fryslân ha in rûnwei. Inkeld Wânswert net. Mar Wânswert is iuwen foar de jiertelling al ûntstien. En dus bin alle dykjes dêr net geskikt foar auto’s. Der soe ek in parkearterrein oan de bûtenkant fan it doarp oanlein wurde kinne, mei in pear iepenbiere rolstuollen, dan hoege der gjin auto’s mear it âlde doarp yn. Mar dy net lokkige lju fan Wânswert giene dwers op ’e knibbels: wy wolle in rûnwei. No miskien kin dat wol sei it gemeentebestjoer, en tocht dat waait wol oer. O, dan jou ik 6 ton en de gemeente 9, sei deputearre Sietske Poepjes justjes te hastich. Want dy 9 ton ha we net, sei it gemeentebestjoer no. No ja, se ha ’t wol, mar fine bygelyks de alvestêderûte foar in pear boatsjes wichtiger as Wânswert. 220 ynwenners, lit dy mar smoare yn de CO2. En no seit Sietske, dan krij jim dy 6 ton ek net, dy smyt ik yn Omrop Fryslân.

Wânswert leit yn Ferwerderadiel. Ja, ik wie al fergetten dat dêr noch in gemeente wie. Aanst ha we hiel Fryslân weryndield en dan leit Ferwerderadiel der noch. O, fergetten. Lit mar lizze, nea lêst fan hân. Nij Westergoa rint wat hurder, dus sil Ferwerderadiel aanst wol by Dongeradiel moatte. Mar dy bin der noch net oan ta. Willem de Boer wie noch mar krekt beneamd as folger fan de ried op ynternet, doe wie dy al ûngelokkich. Se ha in bestjoerskrisis.

Sicco Boorsma fan de ChristenUnie regearde mei CDA en FNP. Om dêroan meidwaan te kinnen hiene se yndertiid sein: oeral bin al fan dy keapsneinen, lit we dat mar aksepteare. Mar dat akseptearden har leden wer net. Dy ha no sein: wy út it kolleezje, oars donderje we jim derút. Dus Rein Ferwerda fan de CU wie ynienen wer tsjin de keapsnein, mei safolle muoite der troch CDA en FNP yn wrotten. No sil dat ek wol wer losrinne, want wylst de bûtenwacht noch siet te bekommen fan dat Sicco Boorsma fuort moast, sieten Albert van der Ploeg en Pytsje de Graaf al om ’e tafel mei Pieter Braaksma fan Algemien Belang. Dy bin foar de keapsnein. Samar klear. Der kin nije wike al in advertinsje yn de Dockumer Krante. ‘Gevraagd centrummanager’.

Mar dy kin al net mear oan dy fonteinbouwer komme. Dy soarget dat de tsjerke yn Dokkum ticht moat, je kin je auto dêr dan net mear parkearje en Drachten is te fier. Mar de lju kin der dan wol moai efkes boadskipje.

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)