Kollum: Ferantwurdlikens

09 apr 2016 - 09:26
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Freget in ferslachjouwer oan minister-president Rutte, nei oanlieding fan de referindumútslach: "bent u nu boos?" En dan leit Rutte út dat hy net lilk is en dat hy wol ien of de oare handige set úthelje sil sadat it allegearre neat mear útmakket. Wat my opfoel wie, dat hy net oan de ferslachjouwer frege wêrom as hy lilk wêze moatte soe. Lit dy ferslachjouwer dàt mar ris útlizze. Mar ferslachjouwers dogge neat oars as inoar wat neikôgje en hawwe fan de einredakteur de opdracht krigen om Rutte te freegjen oft hy ek lilk is.

Dy ferslachjouwer is nammentlik sels net mear ferantwurdlik foar wat hy freget, docht, skriuwt of tinkt. Ferantwurdlik binne inkel de saneamde hegere lju. Bazen binne yn elk bedriuw ferantwurdlik, wurknimmers dogge wat bazen sizze. Bazen wurde yn alle ûnderdielen fan de mienskip ek dûbel, watte tsiendûbel betelle. Singelier wie dus ek net dat inkel lju mei ferantwurdlikens boppe driuwen komme yn dat Panama ferhaal. Want de grutste ferantwurdlikens hawwe se noch altyd wol foar harsels.

Yn de polityk kinne je allang net mear ekstra betelle wurde foar ferantwurdlikens dy’t je dêr krekt it measte ha. Eartiids wie polityk macht en woene se it safolle mooglik foar it sizzen hawwe. Tsjintwurdich binne se deabenaud foar ferantwurdlikens. Sa´n Van der Steur dy´t himsels elke kear lyts meitsje moat om't syn amtners der wol foar soargje dat hy neat wit en dat Keamerleden alles witte. Eins soe hy sizze moatte: ik ha de boppeste fjirtich man derút dondere. Mar ja dat binne de ynformanten fan de Keamer, dus dan ferliest hy it ek. Stom gedoch. En wy betelje it.

Mar wy hiene it oer ferantwurdlikens. Nim hjir mar it ferhaal oer de asylsikers, statushâlders yntusken, dy’t wy hjir op it Fryske plattelân wol yn elk doarp hawwe wolle, dan rêde wy der wol mei. Mar se komme net. Neuh. Ryk, COA, gemeenten, Jorwert, Twadde Keamer, Sicko Heldoorn, provinsje, AIVD, Dantumadiel, Van der Zwan en wit ik net wa, wize inkel mar nei elkoar. En dan komt der dus neat fan telâne. Opmerklik trouwens dat de iennichsten dy’t sok sette by dit aventoer de tsjerken binne. Ik gean der yn alle gefallen fanút dat se dat dogge sûnder te sjen nei hokker godstsjinst de lju hawwe dy’t wol nei de Fryske doarpen ta komme wolle soene.

Sa ek dat ferhaal fan 'e wike oer de Biltdyk. Dy dyk is beskerme doarpgesicht wurden, der bin de minsken, gemeenteried en provinsje it oer iens. Mar dan begjint de Twadde Keamer ynienen te sangerjen oft dat wol kloppet. Want ja, no kin miskien ien of oare VVD boer dêr net alles dwaan wat er wol dwaan wolle soe om noch mear te fertsjinjen. Lokkich is de minister dúdlik, de ferantwurdlikens leit by de ried.

Want ferantwurdlikens, dêr wolle ministers wol ôf. Sa sei minister Schulz dat se wol ôf wol fan de ferantwurdlikens foar de waadfearboaten. Dat gedonder de lêste jierren mei de EVT en Doeksen. En no begjinne se wer oer It Amelân te sangerjen, moat dy faargeul wer better. Nee hear, oan myn liif gjin polonêze mear. En dy FNP-er, Kremers of sa, dy hat it altyd oer eigen foech, no smoar der mar yn, jim rêde jimme der sels mar mei.

It Ryk, Doeksen en Wagenborg hawwe inoar iuwen yn de eigen wearde litten. Mar Fryslân aanst? Dat wikselet no al om de twa, trije jier fan busferfierder. Want der ha we (se) al jierren de ferantwurdlikens foar. No dan ride der ynienen wer hiele oare bussen troch it Fryske lân, in meter breder. Dan moatte de sjauffeurs wer oerhevele wurde fan de ien nei de oar. Hoe soe soks pensjoentechnysk eins gean. En yn elk gefal wurde de tiden en de rûte wer feroare.
Mar ja, as it Ryk dan noch wol ferantwurdlik foar guon dingen op it Waad is, meitsje se der ek in potsje fan. No wol minister Kamp in deksel fan diseloalje op de sâltgatten lizze, dan donderet de saak net yn elkoar. Diseloalje yn it Waad. Dy man doocht net. Ja ik seach fan 'e wike ek dat Sietske Poepjes in flutsje diseloalje opdronk. Mar dan hoech je it Waad der noch net mei te bedjerren."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)