Kollum: Even in leuke herinnering

07 apr 2016 - 10:28
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Foardat kollega kollumnist Eelke Lok my op de sosjale media wer yn it hier fljocht, nee, leuk is gjin Frysk wurd. Ik sil besykje út te lizzen wêrom’t ik in kollum oer ûnder oare it wurd leuk skriuw. Leuk is dus net Frysk, mar wol in hiel aardich wurd, is myn miening. Neffens my brûkt 90% fan de Friezen dy’t Frysk prate it wurd leuk. Omdat it maklik bekket en de lading krekt wat mear dekt as aardich. Aardich is sa’n typysk Frysk wurd. Hoe fynst dat? No, wol aardich.
Ferline wike spruts ien my oan op it ûnbrekken fan ambysje hjir yn in Noarden. Ik tink dat in wurd as aardich hiel goed yn dy tradysje past. In prototype fan de folksaard hjir yn de moaiste provinsje fan Nederlân. It is krekt net aardich genôch om leuk te wêzen. Ik bin foar de yntroduksje fan it wurd leuk yn it Frysk. Net om it te pas en te ûnpas te brûken, want dan krije jo wer sa’n overkill oan leuk, mar as ferriking fan de taal. Foarbyld: as jo in goed petear mei ien hân hawwe, is dat earder leuk as aardich. Want aardich is dan krekt net leuk genôch om it petear te sketsen. Leuk is krekt wat mear as aardich.

Noch in foarbyld fan in wurd dat neffens my sa stadichoan mar ris akseptearre wurde moat is it wurd herinnering. Taal is yn beweging. Dûmny ferûntskuldige him snein omdat er it wurd herinnering yn in Fryske tsjinst brûkte. Dat moast neffens de djipfryske tradysje fansels oantinken wêze. Sa’n typysk 50'er jierren wurd út de foarige iuw. Oantinken klinkt krekt as moat daliks de minút stilte begjinne.

Fierstente swiersettich, sa as wy hjir graach wêze meie. Ik ek hear, mar soms ek net. As ik itselde foarbyld fan in goed petear nochris brûke mei: as ik dêrop weromsjoch herinnerje ik my dat petear earder as dat ik der oantinken oan haw, neffens my jildt dat foar de measte Frysksprekkers ek. Je kinne wol stiifkoppich fêsthâlde oan âlde straminen, mar dêr lûkt sprektaal him net folle fan oan. En earlik sein fyn ik dat wol moai.

Noch sa’n wurd dat ik faak foarby kommen sjoch is it wurd even. En dan net yn de betsjutting dan it twa, fjouwer of seis is, even getallen dus, mar yn de betsjutting fan efkes. Ik brûk sels eins altyd it wurd efkes, mar as ik it skriuw, rûk ik de sprútsjes dy’t oan dat wurd kleve. No bin ik gek op sprútsjes, dus efkes sil by my wol yn gebrûk bliuwe, mar eins fyn ik even wol sa leuk. Nochris it foarbyld fan it goede petear: yn dy konfersaasje hienen wy it ek even oer it waar. Sprek dat foar jimsels mar ris út. We hiene it even oer it waar. Dat sizze je folle earder as: we hienen it efkes oer it waar. Even stiet trouwens wol yn it Frysk wurdboek mei as betsjutting koart skoftsje. Wêrom’t ik it dan net brûk wit ik sels net. Sil der ris swier oer neitinke om it fan no ôf al te brûken.

Efkes in aardich oantinken soe wat my oanbelanget yn de Fryske sprektaal fan 2016 gewoan: even in leuke herinnering wêze meie. Ik bin bang dat ik no op guon plakken aardich ferkettere wurde sil. Der sille grif beropsfriezen wêze dy’t it net leuk fine om even oan dizze kollum herinnere te wurden. No, dat is dan mar sa. Ik ha it oars wol goed mei de Fryske taal foar hear, mar dêroer komt ynkoarten mear nijs. Leuk nijs."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)