Kollum: "Eamelje"

23 sep 2015 - 10:59
  • De Toan fan Eelke Lok

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Eamelje

I have sailed with a Thamesbarge in the neigberhood of Harwich. Dat wurdt, as je aanst google/frysk yndrukke, fertaald mei: ik ha te skûtsjesilen west yn ’e buert fan Snits. Ja, ik wist ek net wat je der oars fan meitsje moatte. Der is op de sosiale media tsjintwurdich te min romte om Thamesbarges wiidweidich te fergelykjen mei skûtsjes en ach no ja, dy rommel sylt allegear o sa moai.

En as ik soks no ûnsin fyn, lykas de measte nasjonale nijsmedia moandei dochs wat lêbjend hearre lieten, of ik krij der wip fan yn ’e angel dat wy Friezen no tatreden binne yn de wylde sosiale media wrâld, wylst we dêr al sa moai gesellich smûk twitterden, yn elk gefal moat ik der wat oer eamelje. Carry on one’s point (eamelje) oer it Frysk. En krekt it ynstitút, watte, ús ynstitút, dat googlen yn it Frysk útfûn en útfierd hat, dat hat earst in ûndersyk publisearre en dêryn stiet dat de measte lju it mier oan dat geëamel oer it Frysk ha. No dat wisten we fjirtich, fyftich jier lyn werom ek al, dus ik eamelje no, foar de kofje sels, noch mar efkes troch.

We binne yn Fryslân op dit stuit drok yn diskusje oer hoe’t it fierder moat mei it Frysk. It soe folle better gean moatte oer hoe’t wy as Friezen fierder omgeane mei it Frysk, mar it giet dus mear oer oaren. No moatte we dy stap miskien ek wol ôfmeitsje, hear. Yndertiid ha we krekt salang wrotten dat it Frysk de twadde erkende rykstaal fan Nederlân waard. Ja, dan moatte dy lju dêr yn Den Haach der ek foar soargje that it comes to an happy end (dat soks syn gerak krijt). En Bearn Bilker en Klaas Dingtiid Spoelstra ha gelyk en dy wrotte mar lekker troch om soks foarinoar te krijen. Mar nim fan my oan, se krije gjin poat oan de grûn. As Klaas by minister Plasterk komt oer it Frysk en dy begjint dan oer it Papiamento, oeh, than you know it well, dan wit je it wol.

Sjoch, deputearre Sietske Poepjes kin no roppe dat it regear fanút dy troch Dingtiid opleine ferantwurdlikens soargje moat dat fanwegen it Frysk Omrop Fryslân bestean bliuwe moat, dan is dat leaf, mar dat hat Jannewietske ek al 700 kear roppen. Se bewege dêr yn Den Haach net. Logysk, as de hotemetoten yn Fryslân al in orgasme krije as de kening ien kear 'Afsluitdijk' ropt yn syn troanrede, (en dat bin dyselden dy’t rôpen dat it mar net sa hurd moat mei dy Ofslútdyk, want dat soe finansieel net kinne), dan is wol dúdlik dat it Frysk yn it lêste bûlseye (kowejaar) sit. En sitten bliuwt, wylst de bûl of de ko nei de slachter giet. En Sytske seit dan ek machteleas dat se it Fryse folk hearre wol. Dy moatte de fûst omheech stekke. No ja, 100 fan de 3300 leden fan de Freonen fan Omrop Fryslân stean no foar it provinsjehûs te razen, mar yn Den Haach hearre se soks net. Den Haach is útheard op de befolking, sjoch de plysje. Machteleas. En dan is it Frysk hielendal machteleas.

As we dêr fan ôfhongen. Mar wy moatte sels mear dwaan as googeljen. Ik ek. As immen my yn it Hollânsk oansprekt, antwurdzje ik daliks yn syn taal. Sa bin wy. Da’s net iens Frysk, da’s Nederlânsk. Wy binne in hannelsfolk. Mar as we no it Frysk yn syn hear en fear (heather en fether) bestean litte wolle, dan moatte we it prate, lêze, om my googelje, we moat der yn kommuniseare, sûnder dat in oar der lêst fan hat. En oaren binne Grinzers en Hollanners. Sterker, dy moatte we derby belûke. Gesellich, fleurich meitsje. Hoe wit ik ek net krekt, mar mear diele mei elkoar, elk hat dat dochs yn syn libben wol in pear kear meimakke. No, op dy wize. Minder oer eamelje, mear Frysk eamelje op ús eigen wize.

Google hoecht mar ien sintsje op ynternet te setten. We hope everybody has fun with his own language. Oftewol: ik woe wol dat elk lol hie yn it Frysk. Ja, ik wit it, eameljende miereneukers, lol is net in goed Frysk wurd. Mar elk begrypt it teminsten." 

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)