Kollum: "Dweilje mei in sneue hazze"

05 okt 2015 - 07:33
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

“Leve de man die het bier uitvond, van je hiep hiep hiep hoera!” Hoe faak oft ik dit it ôfrûne sneon wol net heard ha. De earste sneon fan oktober organisearje se yn Snits nammentlik de Sneeker Dweildag. Ut it hiele lân wei komme der dweilorkesten nei Fryslân om der hjir ien grut feest fan te meitsjen. En dat slagge. As nije dweiler seach ik my de eagen út. In skoftke lyn bychte ik alris op dat ik op toeterjen sit. Jierrenlang hie’k my der foar skamme, want by de fanfare spylje is no net echt in hobby dêr’st te keap mei rinst. Mar no ha ik der in nije hobby by: toeterje by in dweilorkest. En der gong in wrâld foar my iepen. Yn plak fan in sneue hazze mei myn toeter wie ik no yn ien kear super stoer.

Ja werklik wier, gean mei in dweilorkest yn in nuver pak midden op ‘e dyk stean en minsken meitsje sels foto’s en filmkes fan dy as wiest in wiere BN’er. Hoe mear ast út de toan falst, hoe moaier se it fine. Foar wa’t noch nea op de Sneeker Dweildag west hat, si’k earst efkes in koarte skets jaan. De binnenstêd fan Snits feroaret foar ien dei yn in soarte fan krusing tusken de Efteling en it Land van Ooit. Op de iene hoeke stean piraten mei grutte gouden kettingen, en in stikje fierderop komst Elvis tsjin mei in orkest fol froulju yn oranje petticoats en koarte swarte tutu’s. Alles kin, alles mei.

Krekt nei tolve oer middeis wurdt de dei massaal muzikaal iepene mei in stik kabaal dêr’st fersteld fan stiest. Dêrnei kuieret elk orkest nei in oar plak yn de binnenstêd en dan giet it werklik los. Sjoch, wat se yn de dweilorkestewrâld al aardich foar it snotsje ha, is om de tredde helte wat nei foaren te skowen. Wêrom wachtsje mei it leukste ast der ek mei begjinne kinst? Dus nei it earste blokje spyljen, dûkten wy fuort nei de bar foar ús earste bierke. Yn Snits ha se dat poerbêst regele. Elk orkest krijt nammentlik in persoanlik begelieder. Wy hiene twa gesellige wegwijspieten mei, dy’t ús op sleeptou namen troch de binnenstêd en foar in hapje en drankje soargen. Begeleid drinke, moaier kin’t net. Maaar, dan moast dus wol in bytsje traind wêze. Net allinnich foar it muzikale diel, mar ek foar de tredde helte. En lit dat no krekt nét echt myn sterkste ûnderdiel wêze.

Nei it fjirde bierke hie ik ‘m al hingjen. En doe moasten we noch in kear spylje. De muzyknoatsjes hipten my fleurich foar de eagen. Doe’t wy by it nûmer Doe een stapje naar voren ek noch folgens in yngewikkelde choreografy nei foaren en achteren stappe moasten, wie ik de tried finaal kwyt. Gelokkich krige ik in herkansing, want oan de ein fan de dei wie der op ’e nij in massaal muzikaal slotstik. De Sneeker Dweildag wurdt tradysjegetrou nammentlik ôfsletten mei it spyljen fan it nûmer Batje Vier. Batje wat? hear ik jo no thús tinken. Batje Vier. Ik hie der ek noch nea fan heard, mar yn de dweilwrâld is dit sa ûngefear it levenslied dat elke toeteraar út ‘e holle kin. Ik sil jo myn zangkunsten op ‘e betide moarn besparje, mar de begjinsin is as folcht: ‘Al kreeg hij nooit een lintje van verdienste op zijn borst, dankzij de brouwer hebben we nooit meer dorst.’ No dan witte jo wol dat der nei ôfrin fansels fanatyk proast wurde moest. Nei in muzikale prachtdei lei’k sneontejûn foar pampus op ‘e bank.

En oft it no troch dat toeterjen kaam of troch dat lêste bierke, mar in toarst dat ik my toch krige. ‘Dankzij de brouwer hebben we nooit meer dorst?’ Klinklare ûnsin, ik hie noch nea sa’n toarst hân. It is miskien net sa stoer, mar ik sis it mar earlik: ik ha in hiele tree mei Wicky Groeifruit leech sûpt. En ik moat sizze, dat groeifruit hat myn rêding west. Want dy nacht hoegde der net écht dweile te wurden, as jo bedoele wat ik begryp.

Noflike moandei!"

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)