Kollum: "Douwe’s wierheden"

09 des 2015 - 08:53
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Ik sit noch midden yn it boek 'Er viel genoeg te beleven...'  fan Douwe Keizer. Mar ik moat ik der no al oer gear. Oare minsken hawwe wierskynlik mear tiid om te lêzen en binne my foar. Deistich stean der yn de krante al ynstjoerde stikken fan lju dy’t Douwe Keizer op fluwiel sette, dan wol op it húske wol trochspiele wolle. It boek dan, tink ik dan mar.

Douwe Keizer is berne yn 1940, studearre, mar wie gjin dielnimmer oan de braindrain. Want op frij jonge leeftiid kaam hy al yn tsjinst by de Keamer fan Keaphannel. Earst benammen as stipe fan Bouke Olthoff, de sekretaris fan de Keamer. Dat is de direkteur. Letter waard Douwe sels Keamerbaas. Dêrnei waard er direkteur fan de Friesland Bank. Doe’t hy by de Keamer weigie siet hy yn 34 kommisjes en oare dingen. En  hy is dêr net mei ophâlden. In earsteklas netwurker. Hy hat no in boek skreaun oer syn libben. In, fyn ik, tige fermaaklik boek, want hy weeft sûnder kantroeren ôf mei in hiel soad minsken. Ik kin it net foar elk neigean, want ik bin tsien jier jonger, mar de lju dy’t ik wol koe hiene ek sa mar presiis sa út myn pinne komme kinnen.

Net elk is dat mei my en Douwe iens. Pieter de Groot sei sneon fyntsjes yn de Ljouwerter, dy’t hjir en dêr ek nochal ris in traap krijt om't se bepale woene wat der barde, dat Douwe te min eare jout oan âld Ljouwerter boargemaster Johannes Brandsma as it giet om de Giro nei Ljouwert ta te krijen. No wie Brandsma in keihurde wurker, mar ik leau Douwe Keizer as hy seit dat it meast Olthof syn wurk wie. Sjoch, Ljouwert stie yn dy tiid stil en hat lang stil stien. De wethâlders Tiekstra en Ten Brug hiene der gjin belang by, mar de groep dy’t dêrnei kaam, dêrfan binne hast alle wethâlders earne boargemaster wurden. Eygelaar, Peter den Oudsten, Bearn Bilker, Janny Vlietstra, Tom van Mourik, Marga Waanders, Arno Brok, Gerrit Krol, Roel Sluiter. Dy wiene dus foar harsels dwaande. As je no sjogge hoe’t Ljouwert de lêste jierren opbloeid is, geweldich. Sels Douwe Keizer is hjir wer werom kaam, nei in tal jierren yn Noard-Hollân. En Henk Deinum, Andries Ekhart, Isabelle Diks en Thea Koster wurde echt nea boargemaster…

Douwe Keizer beskriuwt in hiel soad minsken yn de netwurksektor yn Ljouwert yn de jierren 1960 oant en mei 1990. Undernimmers en politisy. Hy fertelt sa no en dan hoe’t it echt gie. Ik fertel net alles, moast it sels mar lêze. Der wurdt him ferwiten dat hy sels fynt dat hy altyd alles goed die. No hjir en dêr relativearret hy himsels wol, of skriuwt hy dat in oar him oplein hie dat hy it ferkearde dwaan moast. Mar it is dochs logysk dat hy himsels net yn ’e ûnderbroek op strjitte set, want dat doch je net. Dêr binne miskien wer oaren foar.

No ja, net altyd mear. Want Keizer weeft mei klam ôf mei drs, Jan Kuperus. De eardere direkteur fan de Friesland Bank. De ynstjoerde stikken skriuwe dat Keizer dat net dwaan mei, want Kuperus libbet net mear. Dus as je dea binne meie wierheden net ferteld wurde. Wylst it hawwen fan in eigen skythûs, in eigen dûs en nota bene in eigen bêd op de direksjekeamer fan de Friesland Bank, in koöperaasje, begryp it efkes, dat is wol deeglik wierheid en ek skandalich. It fieren fan it 75-jierrich bestean fan de Friesland Bank mei in Joop van der Ende programma koste 20 miljoen. Gûne. De hiele winst fan in jier fan de bank. Om mar net te praten fan syn 25-jierrich houliksfeest en syn ôfskied. Miljoenen hat soks de bank koste.

Mar foar my bliuwt Jan Kuperus altyd de hiele freonlike man, dy’t yn de winter fan jannewaris 1982 moai yn syn wenskûte yn Grou my siet te fertellen oer wêrom't de alvestêdetocht net trochgie, en wat hy dêr foar gefoel by hie, om't hy no as foarsitter fan de Alvestêden wol nea ien meimeitsje soe. Dat feroaret hielendal net. Mar, en ik bin noch mar op de helte fan it boek, der is my wol in soad mear dúdlik wurden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)