Kollum: "Donderjen yn Keulen"

12 jan 2016 - 08:46
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Hearden jim it foarige wike ek donderjen yn Keulen? It wie hast net te missen, tinkt my. Mar net allinne dêr dondere it. Dat die it ek yn Hamburg en Frankfurt, yn it Sweedske Kalmar, it Eastenrykse Salzburg, it Finske Helsinki en it Switserske Zürich. Yn al dy plakken waarden froulju massaal oantaast, en, yn guon gefallen, ferkrachte. Se waarden berôve, oer de grûn smiten, yn it gesicht skopt of letterlik besprongen.

Hoewol’t út de ferhalen fan slachtoffers en omstanners rillegau dúdlik waard dat by de oanranders ek migranten sieten, waard dat yn de earste oanrin net neamd. Noch troch de media, noch troch de plysje. De fraach oft de media sokke feiten deaswije moat om slimmer foar te kommen, is maklik te beantwurdzjen. As nijsmedia soks mei opsetsin net melde, ha se gjin besteansrjocht mear. As feiten haat oanwakkerje, leit dat net oan de media, mar is dat in teken dat der yts goed mis is. Dat jildt ek foar de plysje. Dy moatte registrearje en melde wat se meimeitsje. Sitte der flechtlingen by de oanranders, moatte se dy oanpakke en neffens de wet behannelje. Dy’t yn in gastlân krimineel of seksueel delinquent wurdt, hat gjin rjocht op beskerming mear, en moat it lân út. Flechtlingen binne net by definyske bettere minsken omdat se slimme dingen meimakke ha. Foarsichtigens slacht foar master op.

En wêrom? Omdat Europa noch altyd suchtet ûnder syn bluodderich, imperialistysk en koloniaal ferline. Mar al te maklik wurdt fergetten dat Europa ek syn meunsters oerwûn hat: de slavernij is ôfskaft, it kolonialisme hat it ôfsward, it faksisme ferslein en it kommunisme oerwûn. It hat rjocht en demokrasy ûntwikkele. In prestaasje fan formaat. Fansels, ideaal is it net, en dat sil it ek noait wurde. In demokrasy is altyd yn beweging, mar mei al har lek en brek falt dêr net oer te ûnderhanneljen. As der hiele kloften mannen binne, autochtoan en allochtoan, dy’t froulju as minderweardich sjogge, en ek sa behannelje, moatte wy se dúdlik meitsje dat se dêr mei de klauwen ôfbliuwe moatte. Dat de froulju hjir de klean drage dy’t se wolle. Dat homo’s hjir net opsluten wurde, dat alkohol gewoan te keap is, dat de frijheid om jins miening te uterjen gjin beheinings ken (mar net misbrûkt wurde mei om dyselde demokrasy kapot te meitsjen), dat der gjin sensuer komt foar film, toniel en literatuer, en dat wy goddeleas binne as wy dat wolle.

Dat is wat de lieders fan de ferskillende Westerske lannen op in net healslachtige wize kenber meitsje moatte. Dat is gjin claim op kulturele superioriteit, mar it belibjen fan minsklike wearden yn in demokratyske maatskippij. Mei foarsichtigens –dy’t eins ordinêre leffens is- spilest de fijannen fan de demokrasy allinne mar yn de kaart. It moat dêrom dien wêze mei it net beneamen fan de dingen dy’t mis binne. Net om te generalisearjen, mar om de problemen earlik en adekwaat oan te pakken. Allinne op dy wize kin de Westerske maatskippij romhertich bliuwe."

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)