Kollum: "Dit is dochs gjin romantyk!"

11 mrt 2016 - 08:50
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"It wie in drôf gesicht. Yn it telefyzje-programma Married at First Sight stie in jonge fint in troupak út te sykjen yn in breidswinkel. Yn syn ientsje. Hy keurde himsels yn de spegel. Fan syn gesicht wie neat ôf te lêzen, wylst er ynkoarten dochs echt yn it houliksboatsje stappe soe mei in poerfrjemd famke. Yn de folgjende sêne fan it programma rûn er de trouseal yn. Der sieten syn famylje en freonen te wachtsjen en minsken dy't hy noch nea sjoen hie: de famylje en freonen fan syn takomstige frou. Hy rûn nei foaren. Hy moat de eagen wol yn syn rêch brânen field ha. Fan it suske fan de breid bygelyks. Dy't tsjin it famke neist har sei: "Oh, hij is het echt niet." Wat in adrenaline-rush moat der troch it liif fan de jongen gien wêze. Ik wie tûzen deaden stoarn, dêr bin ik wis fan..

Mei it programma sit it sa. Minsken dy't meidogge tochten dat se meidiene oan in 'gewoan' datingprogramma. Se moasten fragen ynfolje en waarden dêrnei yn in wittenskiplik ûndersyk mei in biolooch, seksuolooch en psycholooch stoart om in goeie partner te finen. De presintator dielde nei de earst tests mei dat se trouwe soene mei de poerfrjemde perfekte match. De jonge fint, Joeri, woe dat wol. Hy hie in 'perfekte match' mei Nathalie, neffens de wittenskip. En dus: ja sizze, rinkje derom, klear. Kin't skele, it giet mar om de leafde. It momint wie dêr. In miljoen minsken seagen hoe't sy yn har wite troujurk der yn kaam oan de earm fan har heit. Se gniisde senuweftich.

Dêr stie har man, dy't se noch net earder sjoen hie. Moasten se tútsje? Se doarden inoar net oan te sjen doe't se op de troustoel sieten. De breid hold har earms oer inoar, in teken fan ôfkear, ha ik leard by in presintaasjetraining. De trou-amtner hold syn praatsje en ferklearre Joeri en Nathalie ta echtpear. Gegniis. In sunich tútsje.

Ik siet mei de kont byinoar knypt Dit is dochs gjin romantyk! "Ze houdt van een brede Harrie", sei har suske doe't har knappe sus krekt ja sein hie. "Deze jongen lijkt op een student." Beppe Trees fûn it gelokkich wol in leuke jongen. It wie wer net fan it gesicht ôf te lêzen wat de brêgeman der fan fûn, mar syn mûle waard in streep. "It wie net har type", ferklearre de breid nei ôfrin. Jammerdebammer, it wie al offisjeel. Dit is wol it toppunt fan ús leauwen yn wittenskip. As sels de leafde dêr foar wike moat, dan kinne we der wol hielendal mei ophâlde. Wat is der dan noch oan?

Wat is der no moaier yn dit koarte libben as de leafde? As er wat mysterieus, ûnferwachte en oerweldigjend is, is it wol de leafde. It wachtsjen oant hy dy ek sjocht. De grapkes om yndruk te meitsjen. De moaiste klean oandwaan. De earste oanrekking. It gekmeitsjende fereale wêzen. De leafde is dochs gjin rekkensom! It is machtichste dat er bestiet! It spannendste, en dreechste, it kin je fleane litte as in dronken flinter en je nei de bedelte stoarte litte as Icarus. En as it efkes kin, wolle je dat beiden meimeitsje. It is foar it echtpear Nathalie en har man Joeri te hoopjen dat se om mysterieuze redenen dochs noch yn it leafdesspultsje terjochte reitsje. Oars is it mar in suterige boel."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)