Kollum: "De sek"

11 feb 2016 - 08:31
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Wat in sek net losmeitsje kin. In didgeridoo heart by Australië. It is in blaasynstrumint, krekt sa as de alpehoarn, dy’t fan oarsprong brûkt waard om yn Switserlân en Eastenryk sinjalen oer te bringen. Altyd by dy bergen op en del drave wurde je mar deawurch fan. Sa wurke it ek mei de tamtam yn Afrika, in rûne metalen klankskaal, dêr’t de minsken mei kommunisearje koenen by driigjend gefaar of sokssawat.

Sa ha je ynstruminten dêr’t je daliks in lân of in folk by betinke. In ukelele komt fan Madeira, mar is echt bekend wurden op Hawaï. De panfluit assosjearje wy meastal mei de folken út de Andes, yn Súd Amearika, mar dat ynstrumint hat eins oeral op de wrâld wol bestien, sa blykt út archeologyske fynsten. En yn Fryslân ha wy fansels de bugel fan Looft den Heer.

Dy bugel is trouwens ûntwurpen en betocht troch de yn Parys berne Adolphe Sax, deselde dy’t ek de saksofoan útfûn hat. Net Frysk eigen dus, dy bugel. Der is net echt in ikoan dat daliks oan Fryslân taheakke wurde kin as it om muzyk giet. Wy ha alles mar wat oernaam, te drok mei de dingen fan alle dagen en om je dan ek noch mei útfinerij fan nije muzykynstruminten dwaande te hâlden past net sa by ús.

No ja, tsjerke-oargels, dy bouwe en ûnderhâlde bedriuwen lykas it Ljouwerter Bakker en Timminga al generaasjes lang. Mar de tsjerken rinne leech en der lykje ek hieltyd minder minsken te wêzen dy’t noch efter in tsjerke-oargel krûpe. Foar in lege seal spylje is net folle oan.

Friezen ha wol wat fan Skotten. Se binne wat melangoalysk, hingje oan tradysjes en as it der echt op oan komt, pakke se net troch, want wat soe in oar der fan sizze. Sa bliuwe de Skotten ûnderdiel fan it Feriene Keninkryk, wylst de FNP fan Skotlân it hast safier hie dat de grutske Skotten wer ûnôfhinklik wurde koenen. Mar op it moment supréme lutsen de nasjonalisten krekt oan it koartste ein. Spitich? Ik wit it net.

Wat ik wol wit is dat it nasjonale ynstrumint fan de Skotten klap op klap kriget. Jim kinne it allegearre wol: It ikoanyske byld fan in keardel mei in kilt oan, wat er dêr ûnder oan hat wit nimmen. Dy man dy’t in sek fol mei lucht blaast dêr’t dan in oantal grûntoanen út komme. De doedelsek. In pracht ynstrumint en foar altyd ferbûn oan de Skotten. Mar it giet min mei dy sek.

En de oarsaak is ien dy’t net daliks foar de hân leit. Nammentlik: it nasjonalistyske regear, de FNP fan Skotlân dus. Je soenen sizze dat dy krekt noed ha soenen foar harren kulturele peareltsje doedelsek, mar neat is minder wier. Troch grouwe besunigingen binne guon Skotske gemeenten twongen om de subsydzje op doedelsek lessen te skrassen. En privee-les om op de sek te spyljen is faak te djoer. Ik ha my besaud om dat berjocht.

Want wat is it gefal? De doedelsek is by de jongerein hartstikke populêr. De iene nei de oare popband brûkt de doedelsek. De konservative partij yn Skotlân rûkt no bloed en falt de nasjonalisten snoeihurd oan. Sa is de doedelsek ûnbedoeld in ferkiezingsitem fan komsa wurden. Negative reklame is ek reklame, dus sille de nasjonalisten by de kommende ferkiezings grif in sjarme offinsyf lansearje om de doedelsek wer op syn sokkel te pleatsen.

Of wurdt de wrâldferneamde sek yn de ûnderhannelingen foar in nije regear in brekpunt. Ik bliuw it op de foet folgjen en sil jim der oer op de hichte hâlde. In ôfknapper is dan wol dat dy doedelsekken yn in eks kroankoloanje fan de Britten makke wurde. It gros komt nammentlik net út in ambachtlike, nei wisky rûkende Skotske wurkpleats, mar wurde yn Pakistan yn elkoar knutsele.

Dêr krij ik itselde gefoel by as dat de keatswanten yn Suriname makke wurde soenen. No kin ik net doedelsek spylje en keatsen ha ik neffens Jacob gjin ferstân fan, mar út dit ferhaal blykt wol dat Skotsk eigen ek mar hiel relatyf is. Sa komme de Skotske pipen dus eins út de Pakistaanske sek."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)