Kollum: ''De kloaten fan Henk''

21 des 2015 - 08:30
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

''In pear wike lyn hie hiel Nederlân it oer de triennen fan Foppe. De ynterim-trainer fan SC Hearrenfean wie sa rekke troch it spul fan syn ploech, dat er it nei ôfrin by de parsekonferinsje net droech hâlde koe. Mar ha jo juster wol goed sjoen nei de eagen fan Cambuur-trainer Henk de Jong? Dy wiene ek heus net hielendal droech. Mei Foppe en Henk ha wy hjir yn Fryslân twa trainers dy’t fan fuotbal wer meitsje wat it wêze moat. In spultsje mei striid, passy en belibbing.

As in lamke yn de maitiid sa bliid, hipte Henk de Jong justermiddei troch it fjild nei’t Cambuur de twadde oerwinning fan it seizoen pakte by Excelsior. De ferromming wie grut, want al mear as in jier moasten de Ljouwerters wachtsje op de earste útoerwinning. De emoasjes rûnen by Henk dan ek heech op, sadat er de twadde Fryske trainer waard dy’t in trientsje fuort pinke.

Foppe en Henk binne krekt twa emosjonele puberfamkes, die yn triennen útbarste as se sjogge dat harren spilers de stjerren fan de himel spylje. Nochtere, stoere Fryske keardels, dy’t sa no wat wetterige eagen krije. En dêr meie wy bêst grutsk op wêze. Sterker noch, ik smelt by alles wat Foppe en Henk dogge wannear’t se emosjoneel wurde.

Nim bygelyks Henk dy’t ferline wike nei ôfrin fan de earste sege op NEC mei reade eagen foar de kamera stie. Hoe’t it field hie om sa lang net te winnen, frege de ferslachjouwer fan de NOS. ‘Nou dat was fansels echt kloten van de bok’, antwurde Henk mei in snik. Ik smolt as in krystkearske njonken in gleonhjitte houtkachel. Want wa brûkt der anno 2015 no noch de útdrukking ‘kloten van de bok’? It is dat de NOS gjin tiid mear hie om it wurd ‘kloten’ fuort te piepen, want dizze útdrukking sil wol net hielendal KNVB-proof wêze.

It makke my fuortendaliks hiel nijsgjirrich nei hoe’t dat gong is, doe’t Henk yn 2014 yn de skoalbankjes siet foar syn oplieding Coach Betelle Fuotbal. Hjir krige er wis en wrachtich ek it fak ‘parsefoarljochting’. Ik sjoch Henk al sitten, stinnend op in proefwurk. Fraach ien: Hoe reageert u wanneer de verslaggever u vraagt hoe het voelde om 15 wedstrijden op rij geen overwinning te behalen? En dat Henk der yn grutte hoannepoaten ûnder kribelet: ‘Dan zeg ik: KLOTEN VAN DE BOK.’

Werklik wier, ik tink dat gjin inkelde Nederlanner de ôfrûne tsien jier mear de útdrukking ‘kloten van de bok’ brûkt hat. Mar ik foarsis jim dat dit oer-Hollânske sprekwurd binnen de koarste kearen wer retepopulêr wurdt. Lykas it ‘hartstikkene mooi’ fan Foppe stadichoan syn yntree yn ús fokabulêr docht, sa sille ek de kloaten fan de bok ‘hartstikkene hot’ wurde.

It wachtsjen is allinnich noch op Louis van Gaal dy’t yn Ingelân syn parsekonferinsje begjint mei:  ‘Today our game was hartstikkene nuts of the goat’. Dat soe toch de kroan op it wurk fan Foppe en Henk wêze.

Noflike moandei!''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)