Kollum: “De Fryske derby is net samar in wedstriid”

31 okt 2015 - 15:40

Noch ien nacht sliepe en dan is it derby-dei. SC Hearrenfean nimt it yn eigen hûs op tsjin SC Cambuur. It is dé wedstriid dy’t hiel Fryslân yn twaen dield. Sportferslachjouwer Roelof de Vries sjocht alfêst foarút.

“Myn buorjonkje is acht en Cambuurfan. Nei de earste derby yn Ljouwert stie hy my op te wachtsjen. Hy wit dat ik altyd ferslach doch by Hearrenfean. Yn kompleet giel-blau tenu stie hy op strjitte. Op it momint dat ik út de auto stapte, gong hy los: WIJ STAAN BOVEN DE BOEREN!!!

Fan de pleatslike kroech oant de kaartklup; it makket neat út. Oeral prate se oer de wedstriid fan snein. Hearlik fyn ik it. Wikenlang talibje nei de derby fan snein. En dan dêrnei de enoarme teloarstelling of de gigantyske ûntlading. 2-1 is no de stân. Yn it foardiel fan Cambuur. En dat ha de Ljouwerters te tankjen oan Henk. De Jong is de man dy't wol oerbringe kin hoe belangryk de derby is foar de supporters. Van Basten wie in leuke fint (ja, ik hear it mysels sizzen oer sa'n grutheid) en Lodeweges bedoelde it goed, mar se koene beide net dúdlik meitsje dat it giet om de wedstriid fan it jier. Wat dat betreft ha ik goed nijs foar de Hearrenfeansupporter: Foppe wit dat wol.

Dy beseft dat dit wol deeglik mear is as ien fan de 34 wedstriden. "Ik hie net it idee dat se yn de earste twa jier troch hiene hoe belangryk dizze wedstriid yn Fryslân is. Ik sil se der no fan oertsjûgje dat dit foar ús en foar Fryslân belangryk is." Eins wie by alle oare kearen sûnt Cambuur werom is yn de earedivyzje Hearrenfean de favoryt. Logysk ek. Hast it dûbele oan budzjet en dus soe Hearrenfean fan de tsien kear de wedstriid dochs minimaal sân kear winne moatte.

Gelokkich is neat logysk yn de fuotbalwrâld. Foar myn gefoel is it snein echt 50/50. Al is dat ek ôfhinklik fan it meidwaan fan Ogbeche. Mei Van de Streek hat Cambuur twa spilers dy't in wedstriid echt beslisse kinne. Spilers als Houtkoop binne fan de tsien wedstriden faak ien kear goed en dat is net genôch. Mocht Hearrenfean foaral op de helte fan Cambuur spylje, dan krijt Cambuur it dreech. Benammen Anderson kin it wolris dreech krije mei Larsson.

Spekulearje is moai, winne noch moaier. Sneintemiddei wit de iene helte fan Fryslân oft se oant 31 jannewaris mei de kop omheech rinne kinne of dat je mei in min sin nei it wurk moatte. Sukses. Of sterkte.” 

Folgje Roelof de Vries op Twitter. De wedstriid begjint om 14.30 oere is live te folgjen Omrop Fryslân radio en fia omropfryslan.nl en de omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)