Kollum: ''De Flintstones''

15 mrt 2016 - 08:48
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

''Okkerdeis wie it safier, der moast in oare auto komme. Op ien of oare manier skyt men dêr altyd wat tsjinoan. Oan de iene kant hat dat meastal in finansjele reden, oan de oare kant hat men der yn de rin fan de jierren doch in soarte fan bân mei opboud. It is de auto dy’t jin nei feesten bringt, nei optredens en diplomaútrikkings fan de bern, dy’t jin fan de bûtenweareld ôfskermet as men yn in ûnferwachte oanfal fan passy even op in parkearplak ferdwine moat. Mar it is ek de auto dy’t jin nei sikehuzen bringt, nei begraffenissen en kremaasjes. It is de auto dy’t jin troch alle aspekten fan it libben jaget, en dus wurdt er dêr in ûnderdiel fan.

Yn alle gefallen wie it momint oanbrutsen dat der wat oars komme moast. Nei in jubileum fan fyftjin jier trouwe tsjinst begûn de Hillige Ko wat krebintich te wurden. En wylst ik dat sis, trouwe tsjinst, moat ik dat tagelyk relativearje. Der ha ferskate mominten west dat ik it ding mei in moker yninoar beuke wollen ha. Bygelyks op in parkearplak by in supermerk, dêr’t er ús oant fjouwer kear ta stean litten hat. De boadskippen sitte deryn, men is bliid dat men ôfstekke kin, en dan ferrekt er it, dy Hillige Ko. Of dy kear dat er op in grutte en drokke rotonde útsloech. It is ferskuorrend hoefolle swit in minske útstjitte kin op sa’n momint. Like ferskuorrend as de lulligens dy’t je fiele, as je mei in pear reewillige minsken it blik fan de rotonde skowe en ergens oan ’e kant fan de dyk sette. En dan dy kear yn Dútslân, noch net sa lang lyn, doe’t er begûn te bokken as in hynder en der in lûd as fan in drumband útkaam.

Dat, trouwe tsjinst is relatyf. Undertusken is er dan ek ynruile wurden foar in jonger eksimplaar. En, earlik is earlik, dat moat al wenne. Mei it proefritsje fielden wy ús krekt de Flintstones, dy’t út de prehistoarje wei de takomst ynskeaten. Dat begûn al mei’t wy de kaai krigen. No ja, kaai… Mear in credtcard mei trije knopkes. Afijn, wy woene ús net kenne litte en seine ‘oant aanst’ tsjin de ferkeaper. Doe’t er út it sicht wie begûn de speurtocht nei de gleuf dêr’t it ding yn moast. By de gleuf siet in oan- en útknop foar it starten. Mar by it yndrukken dêrfan gebeurde der neat. It iennichste dat starte wiene de oksels: dy begûnen omraak te klotskjen. Mar de auto wie sa by de tiid dat er sels oanjoech wat der gebeure moast: ‘traapje de rem yn by it starten’. En ja, doe gie it spul út ein. De ljochten giene automatysk oan en út it dashboard kaam in rûteplenner omheech, as sieten wy yn in ôflevering fan de Thunderbirds. Sa rieden wy as in slim ferbjustere Fred en Wilma troch de stêd.

Om koart te kriemen: hy ried bêst, wy koene it iens wurde oer de priis, en dus ha de Flintstones no in oare auto. Wy moatte inoar noch better kennen leare (de hendel fan de motorkape moat net yntreaun wurde, mar oanlutsen), mar dat komt wol goed. In relaasje opbouwe kostet no ienris tiid en muoite. Ik hâld jim graach op ’e hichte en sis, mei út namme fan de auto: graach oant takom wike!''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)