Kollum: "De bus"

16 jun 2015 - 09:01
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"De lêste kear dat it my oerkaam, wie mei in bus fan in befolkingsûndersyk. Ik wie op ’e fyts in blokje om. It sintsje skynde, en ik wie like relekst as in Dútser yn in strânkûle op it Amelân. Nei in noflik rûntsje fan in kilometer of tsien, kaam ik it doarp oan de oare kant wer yn. Mei in sekere swierigens sloech ik ôf by it gimmestykgebou. En dêr, op it parkearplak, heal yn it skaad, stie er. DE BUS.

Op slach bruts it swit my út. De knibbels waarden like slop as it liif fan dy Dútser yn de strânkûle, en de terms begûnen spontaan de Radetzky-mars te rommeljen. Soks neame se in Pavlov-reaksje: in automatise reaksje op in hieltyd weromkommend gebeuren. Yn myn gefal reagearje ik op in bus. Dat komt troch de skoalletandarts út myn jeugd. De Bekkebeul. Dy kaam yn in bus. En altyd ûnferwachts. O, de horror, ast yn de pauze it lokaal útkaamst en der in grouwe, swarte stroomkabel yn de gong lei, ta de doar út kronkele nei de hel op tsjellen by it skoallestek. It boarterskertier feroare op slach yn fyftjin minuten bline, klappertoskjende panyk.

Flechtsje koe net mear. Wy sleepten ús skoalle wer yn, yn ôfwachting fan it alfabetise fonnis dat oer ús útsprutsen wurde soe. En om’t myn achternamme mei in S begjint, duorre dy marteling foar my hartstikke lang. It learen waard neat mear. Net dat ik oars in stjer wie, mar de stille, driigjende oanwêzigens fan dy gruwelbus, redusearre myn yntellektuele fermogens ta dy fan in fiif jier âlde switsok. Ferwoeden biet ik op it topke fan myn pen, wylst ik ûndertusken smoesjes siet te betinken om der net hinne te hoegen. Mar net ien wie goed genôch, en dus kaam lang om let it momint dat ik roppen waard.

Dy gong oer it lege skoalleplein, begelaat troch de trommel fan it hart. It piipjen fan it stek, en dan dy plasse wetter ûnder de bus. Of wie it bloed? Yn de bus stonk it nei ûntsmettingsmiddel en angstswit. Der wiene twa behannelstuollen, mar je moasten altyd wachtsje. Der wiene gjin âldelju om dy te stypjen, sels gjin Donald Duckjes om troch te blêdzjen. Je hiene rom tiid om de toskedokter mei de traapboar bezich te sjen, de ûnfoechst grutte spuiten dy’t er brûkte as ien in tosk of in kies lûke moast. By de tiid dat ik yn de stoel sitten gean koe, wie ik feroare yn in drilpudding. Mar wol in drilpudding dy’t de mûle iepen dwaan moast, dy’t fielde hoe’t it hekkeltankje stadich oer tosken en kiezzen glide, op syk nei in gatsje om yn te ferdwinen, triomfantlik en sadistys yn om te dollen en my te learen dat sels drilpuddings senuwen ha.

De trauma’s dy’t men opdocht yn sokke barbaarse tiden, rekket men noait wer kwyt. Dat, ha omtinken en begrip, as ien mei in akute oanfal fan skiterij fan de fyts soalet, as er bygelyks in âlde SRV-wein stean sjocht. Laitsje him net út."

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)