Kollum: "Breidzjen foar testosteronbommen"

12 feb 2016 - 08:58
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"Goeiemoarn, ik bin der wer hear. Ik sjoch der nei in hiele tiid gryp út as in lykbleke fûgelferskrikker en ha ek noch ris in blau each. Ik stompte myn holle mei in flinke bats tsjin de klep fan de auto. 

Mei dizze fûgelferskrikkerholle siet ik juster yn in lunchroom, om efkes op krêften te kommen nei in flinke kuier. Ik wie ferjitten dat ik sa bleek as wat bin, en gruttere pûden ûnder de eagen ha as Wim Kok, en dan ek noch dat blauwe each, dus efterôf snap ik wol wêrom't eltsenien sa fol begrutsjen nei my siet te sjen. Se sille wol tocht ha. 
 
Der wie ien frou dy't net op- of omseach. Se gong noflik yn in djippe stoel sitten, bestelde in kofje, en luts in bol jern en twa grutte grize breidpriemmen út har tas. Tik, tik, tik, tik, diene de priemmen. Ik waard der op slach rêstich fan. Lekker mindfull. Ik hie prompt sin yn in knipperke. 
 
Je skine der folslein zen fan te wurden, fan breidzjen. Je kinne ommers neat oars dwaan mei je tinzen dan folslein by it breidzjen te wêzen, want oars lit je in stek falle. Sa wurket meditearjen eins ek. By ien fan de meditaasje-oefenings telle je bygelyks oant tsien of oant hokker getal je ek mar wolle. Sadree't je ôflaat wurde en je de tel kwyt binne, begjinne je wer opnij. En wer opnij. En opnij. Minsken dy't meditearje wurde al binnen acht wiken sûner. Se krije mear geheugen en learfermogen en minder stress en eangst. 
Soe dat foar breidzjen ek jilde? Want dan ha we hjir in goede metoade foar frede te pakken. Hoe mear der breide wurdt, hoe minder we elkoar yn it hier sitte. 
 
Us mem kin ek breidzje. Ik net. Se fertelde dat se dat eartiids op de basisskoalle by it fak 'nuttige handwerken' leare moast. As ús mem hânwurkles hie, wiene de jonkjes út de klasse frij. Bespotlik net? Wêrom soene mannen net breidzje? Wurde testosteronbommen hiel rêstich fan. En kinne se moai harren sjaal fan SC Hearrenfean of SC Cambuur sels breidzje. 
 
Yn elts gefal, ik hie nea tocht dat breidzjen wer sa'n hit wêze soe, ûnder leuke, hippe froulju. Mar neffens de konservator fan it Fries museum - dêr't no in breideksposysje te sjen is - is der in nije generaasje opstien dy't it breidzjen wer ûntdekt hat. It is foar harren net truttich of retro, mar gewoan wat nijs.
 
Leuk en aardich fan dizze saneamde trend, mar doe't ik op syk wie nei breide sokjes foar de poppe, dy't lykas as my berne is mei groanyske stienkâlde fuotten, koe ik se nearne fine. Net yn de gewoane winkels yn elts gefal, mar ek net yn wolwinkels of naaiwinkels. 

Nei in oprop op Twitter ha ik fan in folslein frjemde frou in pear breiden sokjes tasjoerd krigen. Sa aardich. 
 
Ik stel foar dat breidzjen, tegearre mei meditearjen, wêr in fak wurdt op skoalle. Ek foar jonkjes. It is goed tsjin ús adhd-maatskippij en foar de wrâldfrede! En je krije der ek noch waarme fuotten, hollen en halzen fan. Dus eltsenien oan de breidpriemmen. 
 
Goed wykein!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)