Kollum: "Boartsje mei knikkerts"

15 sep 2015 - 08:51
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Kenne jim Heleen Mees? Ekonoom, jurist en publisist. Powerfeministe, ek. Hat trije boeken skreaun, kollums foar de NRC en it Financieele Dagblad, bydragen levere oan de Financial Times en Foreign Policy, promovearre op in proefstik mei de titel: Changing Fortunes-How China’s Boom Caused the Financial Crisis.

Mar miskien kenne jim har better fan de teksten dy’t se har eardere minnaar Willem Buiter stjoerde. Fral dy iene, wêrby’t se sei dat se sa graach Buiter syn manneknikkerts ôfslikke. No wie dat mar ien út in lange rige mails en berjochten dy’t se stjoerde nei’t Buiter de ferhâlding ferbrutsen hie. Mees koe dêr net mei omgean en begûn, sa’t it in echte powerfeministe foeget, Buiter te stalken.

Dy hie dêr op in stuit syn nocht fan en klage har oan fanwege stalking en seksuele yntimidaasje. No soenen de measte manlju in gat yn ’e loft springe as sa’n frou berjochtsjes stjoerde oer wat se mei harren knikkerts dwaan woe, mar Buiter dus net. Yn alle gefallen waard Heleen Mees nei Buiter syn oanjefte fjouwer dagen yn de beruchte Riker Island-finzenis fêst set, en wie it nota bene in leadjitter dy’t har borchtocht betelle.

Afijn, de saak kaam foar de rjochter en dy sei dat se harren net oanstelle moasten. Mees krige gjin straf, mar moast wol 14 terapysessys folgje en in jier lang gjin problemen feroarsaakje. It op ien nei lêste nijs oer Heleen Mees is dat se in skeafergoeding fan 20 miljoen dollar easket, omdat se troch Buiter syn oanstellerij har wurk kwyt rekke is. ‘Ik sil him leechsûgje,’ skynt se sein te hawwen. Wat in nuodlike opmerking is yn dizze kontekst.

It alderlêste nijs is dat se in gastkollum foar de Volkskrant skreaun hat. De titel: ‘Verhuis noorderlingen naar de grote stad’. Har stelling: ‘De overheid zou bewoners in het noorden moeten verleiden om naar een van de grote steden te verhuizen, net als in China gebeurt.’ Har kollum liket op dy fan in apparatsjik dy’t de segeningen fan de kommunistyske heilsteat besjongt.

Yn Sjineeske megasteden binne gjin sloppewiken en libje hast gjin minsken yn earmoed. Megasteden fergrutsje de sterke punten fan minsken. Se sette oan ta ynnovaasje troch persoanlike ynteraksje, se lûke talint oan en meitsje dat better troch ûnderlinge kompetysje. Megasteden stimulearje ûndernimmersskip en fassilitearje sosjale en ekonomyske mobiliteit.

En dat is yn Hollân ek sa, seit Mees. Amsterdam, Rotterdam en Utrecht groeie mei 36, 24 en 23 prosint. De noardlike provinsjes helje dat lang net, dy helje mar 13, 10 en nochris 10 prosint. Sûnder ekstra stipe fan de oerheid sille Fryslân, Grinslân en Drinte stadich ferkwine, stelt de ekonome. En dus moatte noarderlingen nei de Randstad komme en kinne dy provinsjes ynrjochte wurde foar allinne mar rekreaasje. Want de Ranstedeling moat wol útwaaie kinne. Har wurden, net mines.

Komselden hat jim tsjinner sa’n ûnnoazel stik lêzen. In stik dêr’t de wierheid sa yn op ’e kop setten wurdt. Want it is net de Randstad dy’t de regio’s finânsjearret, mar it binne de regio’s dy’t de Randstad finânsjearje. Randstad projekten wurde útfierd mei lanlik jild. Ynfrastruktuer, wurkgelegenheid, foarsjennings yn de meast brede betsjutting; alles foar de Randstad.

Der is gjin sprake fan in lykwichtige ferdieling fan wurk en ferkear. Der is gjin sprake fan pluriformiteit. De regio’s, en fral it noarden, binne wingewesten en potinsjele ôffalputsjes. En dan fynt Mees it nuver dat it noarden achter bliuwt. En komt se mei de ridikule oplossing om elkenien nei de Randstad ferhúzje te litten.

Neffens my is se noch hieltyd in bytsje op ’e rin mei de holle. Hat se op syn minst nochris 14 terapysessys nedich. Of se soe wer ris wat faker mei knikkerts boartsje moatte."

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Ferdinand de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)