Kollum: "Blackadder komt werom"

01 sep 2015 - 08:26
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Goed nijs: Blackadder komt werom. De Britse comedy út de jierren tachtich sil opnij in oanslach op de lachspieren plege. Rowan Atkinson, ek bekend as mr. Bean, wie fenomenaal as Edmund Blackadder, de konkeljende, achterbakse opportunist dy’t liigde as wie it sykheljen en ôfspraken skeinde as bestiene se net. Eins in ferskriklik mantsje, mar tagelyk koe men ek wol wer begrutsjen mei him ha as syn plantsjes foar de safolste kear mislearren. Blackadder de searje joech in sattiryske blik op de Britse skiednis, en it personaazje Edmund Blackadder wie de helte fan ’e tiid polityk oriïntearre. Eins wie Edmund it prototype, of miskien it archetype, fan in politikus.

Op ien of oare manier moast ik altyd oan Blackadder tinke as Silvio Berlusconi yn byld kaam. No is de Italiaanske polityk al sûnt de Romeinske tiid in Commedia dell’ arte, mar ús Berlusconi wie toch wol de absolute haadrolspiler dêryn, it lêste desennium. Blackadder, tocht ik, alle kearen dat Silvio yn byld kaam, dy konkeljende achterbakse opportunist, dy’t liigde en omkocht en ôfspraken skeinde dêr’t se by stiene. Eins in stereotype politikus. Mar, en sa earlik moat ik wêze, ik fûn dat it paste yn de Italiaanske tradysje fan de Commedia dell’ arte.

In naïve en ûnterjochte opfetting, want datsoarte fan polityk en type politikus à la Blackadder fynt men rûnom. Sjoch nei de Nederlânske polityk, nei Rutte en konsorten. As it giet om konkeljen en ligen, it skeinen fan ôfspraken en it brekken fan beloftes.En dan ha ik it noch net iens oer botte ûnbeskamsumens en blyn opportunisme.

Dêr krigen wy ferline wike in tragysk foarbyld fan, doe’t de Fryske D66 rôp dat de lobby foar it selsstannich hâlden fan Omrop Fryslân mislearre wie, en dat se Provinsjale Steaten dêr fragen oer stelle soene. D66, nota bene de partij dy’t foaroan stie om minister Plasterk de skuon skjin te slikjen doe’t dy sei dat Fryslân yn in Noardlik lânsdiel opgean moast. Bittere needsaak, balte D66. Fuort mei Fryslân, fuort mei de taal en kultuer. D66 hat it Blackadder-syndroom: skamteleas opportunisme keppelje oan in flinke poarsje skynhilligens en achterbaksens. Mar kin men oars ferwachtsje? De lanlike politike broeders en susters binne dêryn in ljochtsjend foarbyld. Yn in Nederlânske fariant op de Commedia dell’ arte ha se it konkeljen en ligen ta keunst ferheven, it skeinen fan ôfspraken en it brekken fan beloftes.

Nim bygelyks de Bestuursafspraak Friese taal 2013-2018. Yn dy ôfspraak stiet by haadstik 4 Nije en Alde media, dat de radio 24/7 útstjoerd en dat op televyzje alle dagen ien oere orizjineel oanbod te sjen wêze sil. Frysktalich oanbod, dus. Soks stiet swart op wyt, mar steatssekretaris Dekker faget syn kont deroan ôf.
Mar as it net kin sa’t it moat, moat it mar sa’t it kin. As in earste stap om los te kommen fan de Haachse klyk, stel ik foar dat wy, de provinsje en de Fryske befolking, sels de Omrop op ’e noed nimme. As de minsken dy’t yn Fryslân wenje fiif euro yn ’t jier betelje, sitte wy al op in grouwe trije miljoen. De provinsje docht dêr sines ta, en dan ha wy mei net ien wat nedich. Dat liket my de koartste klap. Der is neat wat sa’n oplossing yn ’t paad stiet. Of it soe wêze moatte dat ek it Provinsjebestjoer, krekt as D66, lêst fan it Blackadder-syndroom hat. Mar dat sil’t toch net?

Hooplik oant takom wike, enne, frou Kootstra, tige tank foar de stipebetsjûging nei oanlieding fan de kollum fan foarige wike. Dat hat my tige goed dien!"

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)