Kollum: "Bin jo Frysk?"

23 okt 2015 - 08:41
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it deistich libben of wat har ek mar ferwûnderet.

"Wat ik no wer hearde! De Gelderlanner bestiet net. Dat hat histoarikus Dolly Verhoeven ûntdekt. Je ha Brabanners, Sieuwen, Grinzers, Limburchers en Drinten. Allegear fiele se in regionale identiteit. En je ha Friezen fansels. In slach apart. Hast altyd as ik tsjin in Hollanner sis dat ik in Fries bin, set ik kwea bloed of sa. Dan reageare se mei soks as: o ja, jim mei jim rare dialekt! Ik tink dan altyd dat sa’n ien jaloersk is. En dat hy ek in eigen taal ha wol. De earme Gelderlanner moat him identiteitsleas troch it libben wrakselje. Je ha wól Achterhoekers, Arnhemmers, Betuwnaren en Veluwebewenners. Mar in kwart fielt him ferbûn mei Gelderlân. Yn Sûd-Hollân is dat oantal nóch minder. Dêr kin ik yn meistimme want ik ha hjir rûnom Den Haach noch noait ien heard dy’t sei dat er in Sûd-Hollanner is. Wol Rotterdammer. Of Hagenees. As minsken sizze dat se Hagenees binne dan ha se meastentiids in matsje yn de nek, en binne se ADO-fan. Guon ride sels noch yn in Opel Manta of Opel Ascona. Ik seach der juster noch ien. Of ien is Hagenees, of Hagenaar. Yn it lêste gefal binne je meastentiids amtner en sit je wat bekakt yn de klean.

En dan ha je noch Skeveningers. Dat is rûch folk. Dêr dulde se neat. Se mopperje en flokke. Je moat se net foar de fuotten rinne, want se slaan je sa mei in grau stik fisk foar de harsens. Werom nei dy earme Gelderlanners sûnder identiteit. It skynt dat de ferdieldheid al yn de 14e ieu begûn is. It ‘hertogdom Gelre’ wie yn fjouwer kwartieren splitst; yn Nijmegen, Arnhem, Zutphen en Roermond. Bjusterbaarlik dat soks salang trochwurket, want no noch fiele Gelderlanners dizze splitsing. Sels tusken Arnhem en Nijmegen sit in ferskil. It leit flak byelkoar, mar Arnhem is protestantsk, en Nijmegen katolyk. En op de Veluwe sit je op de Bibel-belt en in stikje nei ûnderen binne se blier en frij en wurdt it karnaval wiidweidich fierd. Machtich moai fyn ik dat. Sa kleurryk Nederlân is, troch al dizze lytse ferskillen. En dat sûnder boargeroarloggen. It kin echt hear, tegearre libje, ek al binne je oars. Ik hoopje dat de razende, primitive testosteron-bommen yn Steenbergen dat goed yn de earen knoopje.

Friezen ha in sterke regionale identiteit. Mar wat is dat eins? Ja, we ha ús taal. De measten fan ús sizze heit en mem tsjin har heit en mem. En pake en beppe. En we ha nammen as Gurbe, Sytske, Geeske, Durk en Tineke. En ús efternammen einigje hiel faak op in ‘ma’ of ‘stra’. En we ite oranjekoeke by offisjele mominten. En we hâlde fan silen en keatsen, dik swart iis, en ljipaai sykjen. Mar dat dogge we echt net allegear. Der binne in soad minsken dy't neat ha mei keatsen en silen en har bern ek gjin Frysk leare. En dochs Fries binne. Hmmm, 't is eins flintertin, identiteit. Je binne earne berne en dat is it. It is mar in plak. En dat is tafal. En dochs is it ek wêr in hiele protte. It is in gefoel fan ergens by hearre. As binne we famylje. It is fertroud. En dat makket gelokkiger, neffens my. Dat gun ik Gelderlanners ek. Dus wat ideetsjes.

Yn maaie is dêr de start fan de Giro. Sport is it ultime momint foar mienskip. Foar ferbining. Hjir in spoedkursus regionale identeit: Sykje hurd wat aaien. Gean te silen sûnder motor en staar oer it wetter as der gjin wyn stiet. Smyt op in aparte manier in bal nei elkoar. Soargje foar in lokaal gebakje en bôle. Betink gau in folksliet. Betink in taal. Fok gau in prachtich soart hynder. Soargje foar in Foppe de Haan. Bliuw nochter. Begjin no en herhelje dit resept oant maaie. Dan komt it wol goed".

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)