Kollum: "Bijke"

14 jul 2015 - 10:00
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Us poes, ús stasjon

Dat hie de slogan wêze kinnen fan it regionale spoar yn Wakayama, yn it westen fan Japan. Se draaiden dêr al jierren mei ferlies. En dan ha ik it net oer trijeenheale yen, mar oer miljoenen. Yn euro’s. It hie de direksje ta besunigingen twongen, en ien fan de maatregels wie it ûntslach fan de lêste meiwurker fan it Kishistasjon. Dat bleau tenei ûnbemanne. Der stapten noch reizgers yn en út, mar hieltyd minder.

It ferlies waard almar grutter, en de dei dat it spoar slute soe, kaam ûnmijber tichterby. Oant, op in moarn dat de dize krekt weilutsen wie, in poes it stasjon yn tripkjen kaam. It bistje seach tefreden om har hinne, begûn harsels te waskjen en joech har dêrnei del om net wer fuort te gean.

Dy pear reizgers dy’t der noch wiene krigen aardichheid oan it bistje. Har oanwêzichheid makke dat it Kishistasjon smûker waard, húslik hast. Troch it swalkerskatsje fielde it stasjon as thús, as wat dat fan harren wie. Mei’t it katsje harren begroete en om de fuotten draaide, betochten se dat se wol faker mei it spoar reizgje koene, dat it eins hartstikke handich wie en o sa belangryk foar de regio.

It nijs fan de poes fan it Kishistasjon luts as diggelfjoer troch de omkriten. Stadichoan kamen der mear reizgers op ôf, allinne mar om it bistje sjen te kinnen. It duorre net lang of de direksje krige yn ’e gaten dat der wat bysûnders barde. It spoar waard rendabel, begûn dikke winst te meitsjen. De bedriuwslieding wie dêr sa mei ynnommen, dat se de poes-dy’t de namme Tama krigen hie-in cape en in petsje oanmjitte lieten, dêrmei de status fan it bistje befêstigjend. Afijn, dêr kamen noch mear reizgers op ôf, en sa waard it ien grut súksesferhaal.

Okkerdeis, sechstjin jier âld, is Tama stoarn. De folsleine direksje wie oanwêzich op de begraffenis fan de kat, dy’t offisjeel ek fice-presidint fan de ûndernimming wie. Foto’s fan de kat stean jûn op facebook/willemschoorstra.

Tama wie in symboal. Symboalen binne belangryk, ek en foaral as dingen faai stean. De selsstannigens fan Omrop Fryslân stiet ek faai. De wurknimmers fiere aksje, en dat is in goed en needsaaklik ding. Mar, krekt as it Kishistasjon yn Wakayama, hat de Omrop in symboal nedich. En ik soe jim tsjinner net wêze as ik net ien fûn hie. Nammentlik: de stabij. Kin it Frysker? De stabij is koppich en eigensinnich. Mar, sizze ek de fokkers, yn feite is dat selsstannigens.

En is dêrmei de sirkel net prachtich rûn? De Omrop wol ek selsstannich bliuwe. Dus moat der in stabij komme om dat te symbolisearjen. Bijke moat mei nei Provinsjale Steaten, mei nei Den Haach en fergaderingen mei ROOS. Der moatte t-shirts en stickers komme mei syn of har kop derop. Bijke moat by Bynt omrinne, mar ek yn de entree fan it gebou, dêr’t er de gasten begroetsje kin. As er dêr sin yn hat. Want hy bliuwt wol koppich en eigensinnich. Krekt as wy. Krekt as de Omrop.

Us Omrop."

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)