Kollum: "Beskaafd Frysk"

28 aug 2015 - 08:52
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, har lytse poppe, har iPhone en in grut ferskaat oan oare ûnderwerpen.

"Staveringshifker. Staveringshifker. Dat wurd spilet al dagen troch myn holle. It betsjut 'spellingschecker'. Ik fyn it in geweldich wurd. It leit lekker yn de mûle. Foaral dat 'hifker' deryn. Hifkje. Ik tocht dat it yts as 'tille' betekene. Krekt sa as 'huffe'. Sa fan: dat ding is net te huffen, man. Dat ding is net te hifkjen man.

Mar hifkje betsjut 'ûndersykje'. Wat ôfweagje. Dat ik net wit wat hifkje betsjut, seit wol wat oer myn kennis fan de Fryske taal. Dy is net sa bêst steld. Dêr bin ik achter kaam sûnt ik dizze kollum ha. Ik ha it noait hân op skoalle. Ik fyn dat wol jammer.

En dus ha ik de staveringshifker nedich foar dizze kollums. Om se fatsoenlik op de webside te krijen. Sûnder taal of spelfouten. Ik praat it Frysk ek al wat hakkeljend soms, trochdat ik út de Wâlden kom. Fan de hege sângrûn witte je wol. Soms sis ik yts en dan wit ik eins wol dat it gjin beskaafd Frysk is en dat it eins in oar wurd wêze moat. En dan makket myn brein in soart salto, want dan wol ik it yn it geef Frysk sizze maar dan komt er Wâldpykiaansk Frysk ût myn mûle.

Hoe ferskillend de Fryske taal wêze kin, foel my wer ris op doe't skriuwster en freondinne Nynke de Jong hjir fan't wykein wie. Sy komt ût Goaiïngea en dêr prate se mear geef Frysk. Se sei bygelyks yts as: "Wy ha doe besletten om te ferhúzjen'. Wy sizze: 'Wy ha doe besluten om te ferhoezjen'.

Se sei ek dat se 'fereale' is op ús dochterke. Sjoch, sa sizze wy dat net. Wy sizze dat we 'ferliefd' binne op ús dochterke. Myn freon leart ek in bytsje Frysk, mar hy leart it fan my, dus dat wurdt in miks fan Wâldpykiaans Frysk mei in sauske Nederlânsk der trochhinne.

Eins bin ik yn in multykultureel gesin opgroeit. Want ús heit komt út de Wâlden en ús mem fan de Klaai. Yn de Wâlden sizze we fan 'fjild' as we it oer de rûne dingen ûnder in auto ha. Dêr op de klaai sizze se gjin 'fjild'. Dêr sizze se 'tsjil'. In fjild is om op te fuotbaljen.

It geef Frysk is wol moaier, neffens my, it klinkt leaver. Al wol ik myn Wâldske ôfkomst net ferloochenje fansels. Ik hie it Frysk graach op skoalle leard, om it te lêzen en te skriuwen. Ik kin it ynmiddels wol lêze, ik ha it mysels oanleard.

Ik lies, doe't ik in jier as tweintich wie, it geweldige boek It Wrede Paradys fan Hylke Speerstra. Dat giet oer Friezen dy't foar en nei de Twadde Wrâldoarloch emigreare nei Australië en Amearika en sa. Gelokssikers sis mar. Ik ha ek famylje yn Australië en Amearika. Se prate ek Frysk en ha nammen as Hepke en Griet. Miskien kinne se it Frysk noch wol better skriuwe as ik.

Je soene sizze, goh, do bist Frysk, it is dyn eigen taal, dan kinst it dochs wol lêze en skriuwe? Mar dat is dus net sa. Frysk is myn memmetaal. Mar allinnich as sprutsen taal. De taal fan thús en fan de strjitte. Mar net as folledige taal. Want myn earste wurdsjes lêze wie yn 't Nederlânsk. En myn earste wurdsjes skriuwen ek.

Dat hat myn Fryske wurdskat der net better op makke. Want fan sommige wurdsjes dy't ik op Omrop Fryslân hear of lês, wit ik de betsjutting soms net iens. En allemachtich, wat is it soms dreech om dizze kollums yn it Frysk te skriuwen. Wylst it myn taal is! Dat is dochs nuver!

Of is it dan dochs net hielendal myn taal? Want ik bin it dus net hielendal machtich. Ik moat straks fergemy earst in Fryske taalkursus dwaan om it Fryske skriuwen goed oan myn dochter te learen. Oars wurdt it fonetysk Wâldpykiaansk. Jo snappe wol dat ik dus pleitsje foar ferplicht Frysk op skoalle. Dan ha je dat gedonder ek net.

Mar no freegje ik my ôf: wannear is in taal no jo taal? En is it slim as je dizze taal net folledich behearske? Mei je dan noch wol sizze dat it je taal is?"

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)