Kollum: "Bermpealtsjes"

24 okt 2015 - 10:52
  • De Toan fan Eelke Lok

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurket al jierren foar Omrop Fryslân en waard ûnder oare bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Al jierren fersoarget Lok kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"As je fan De Hommerts nei Osingahuzen ride, dan sjogge je lâns de kant fan de dyk, krekt as oeral, bermpealtsjes stean. Dat binne fan dy wite heal bûgde pealtsjes, mei oan de iene kant in read plaatsje en oan de oare kant in giel. Dat jout dan yn it tsjuster jo paad oan. Dy pealtsjes kinne je sa oan de kant ride. Dan mankeart jo auto noch net folle. Josels wol, want dan hawwe jo tefolle drank op, oars hienen jo dy pealtsjes net omriden.

In tiidsje lyn haw ik merkbiten dat de bermpealtsjes tusken Osingahuzen en De Hommerts krekt wat oars binne. Der hingje dinkjes oan. As je fan De Hommerts nei Osinghahuzen ride, hingje der oan de lofterside in soarte fan giele krúskes oan. Dy bungelje ek noch yn de wyn. En dy blaast dêr hiel faak fan de Hegemer Mar oer dy keale greideflakte. Oan de rjochterkant blauwe dinkjes, der tsjinoan plakt.

Ik tocht dy giele dinkjes jouwe oan dat der in sleat daliks efter sit. En dy blauwe dinkjes, dan moatte jo earst noch in fytspaad oer foardat jo yn de sleat telâne komme. Want as jo fan de dyk ôf reitsje, komme jo yn dy sleat. Dy bermpealtjes hâlde jo net tsjin. Dy bûge mei de auto mei en knikke dan. Noch efkes trochride en dan meie jo yn de sleat. Mar moai is: jo hawwe ûnderweis dy dinkjes sjoen en witte fuortendaliks yn hokker sleat oft jo hingje.

In pear moanne lang seach ik nei dy dingen, mar it waard net dúdlik wêrom oft krekt dêr tusken Osingahuzen en De Hommerts oare bermpealtsjes stean. Op it lêst waard it fobysk. Elke kear as ik der lâns kaam: Wêrom, wêrom hinget dat spul dêr oan dy bermpealtsjes. Mar dan binne jo wer thús en dan tinke jo der net mear oan.

Dus, ik bin dêr fan 'e wike stoppe en haw opskreaun: bermpealtsjes. No ja, dan wurdt it allegearre ienfâldich. Presys: Google. En no ryd ik al in pear dagen tusken De Hommerts en Osingahuzen en ik wit it. De blauwe dinkjes binne wyldspegels, wyldspegeltsjes. Dan ride jo dêr yn it tsjuster mei jo auto, en troch de refleksje fan it spegelstikje wit bygelyks in ree "Hee, dêr komt Eelke oan, en dy sjocht allinnich mar nei dy pealtsjes. Dus mar efkes ho."

It is in systeem dêr't de lju dy’t der ferstân fan hawwe, noch net lyrysk oer binne. It falt wat ôf. It is in systeem fan Rykswettersteat, útfûn nota bene troch de heer Van Ree. Sweden en Kanada hawwe it al oernaam, mar hjir yn Nederlân die bliken dat nei in tal jierren minder menearen Van Ree deariden waarden, dat it dan dêrnei wer tanaam. Sa fan dat dy ree tinkt: "Eelke wit no dochs wol in kear dat wy hjir oerstekke."

Dus waard der in nij systeem betocht. No ja, oankocht, it is Eastenryksk. Dat bin dy krúskes dy’t oan de oare kant oan de pealtsjes hingje. Mar dat bin gjin krúskes. Nee it binne wyldmolens. "Een schoepenrad van twee kruislings verbonden staafjes van plexiglas met reflectoren op de uiteinden."

In machtich systeem. Dy hinne en wer dinende reflektoaren soargje derfoar dat de reeën sa yn betizing binne dat se absolút net mear nei de oare kant gean. Yn Limburch hat it systeem op in stik dyk soarge dat der gjin reeën mear omkamen.

Dy wylde molentsjes hawwe mar ien neidiel: Fandalisme. Jo hawwe de niging om sa’n mûntsje derôf te heakjen en efter jo keuken op te hingjen. Dan frette de reeën jo byfstikjes net mear op. Der stiet al in warskôging op dat jo se der net ôfskuorre meie. Mar ja, wy libje yn Nederlân.

Ik ryd tusken Osingahuzen en De Hommerts. En ik haw in baarnende fraach. Wêrom, wêrom stean dy spegeltsjes en mûntsjes hjir. Se hearre “in bosrijke gebieden”, seit Google. Tusken De Hommerts en Osingahuzen is it absolút net boskryk. Hjir en dêr in strûkje.

Ik bin wol wat in natoerman. Ik hâld fan de reeën. Mar ik haw tusken De Hommerts en Osingahuzen noch nea in ree sjoen. Ik wit ek wol wêr’t dy reeën yn Fryslân wol binne. Mar dêr stean gjin bermpealtsjes mei spegeltsjes en mûntsjes."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)