Kollum: "Bekerfinale"

28 jan 2016 - 08:57
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op twitter

"Kommend wykein stiet der fan alles op de sportive kalinder. Jûn is der yn de Rotterdamske Kuip earst noch de midwykske wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin it foar de lânstitel sa goed as útskeakele Feyenoord, Cambuur hat al yn Alkmaar fuotballe. Snein stiet de twastriid tusken de beide klups út Fryslân yn Ljouwert op it programma. Oer dy wedstriid wurdt al safolle skreaun, praten en foarbeskôge dat alles dat je dêr noch oer sizze hast overkill is.

Sneon is der noch in saneamde derby, ek yn Ljouwert. Dan nimme de lange mannen fan basketbalklup Aris it op tsjin Donar út Grins.

Yn it iishockey binne der net safolle derby’s. Dat is spitich. It hie moai west as bygelyks Grins en Ljouwert ek in team yn de nije kompetysje-opset hân hiene. De noardlike wedstriden soargje foar ekstra taskôgers op de tribune en dêrmei mear oandacht.

As je mei de measte minsken oer iishockey prate, giet it daliks oer de man dy’t no drok dwaande is om in nij bestjoer foar SC Hearrenfean te formearjen. Sjoerd Feenstra. De gloarjejierren fan de Feenstra Flyers, mei in blik fol Nederlânske Kanadezen yn it team. De hockeyhal fan Thialf siet altyd grôtfol en it iene kampioenskip nei it oare waard binnen helle. Dêr witte de minsken alles noch fan.

Wat se miskien net witte is dat de iishockeysport mondiaal besjoen megagrut is. Thialfdirekteur Eelco Derks sei foar de kamera fan FlyersLiveTV yn antwurd op fragen oer it nije Thialf, dat langebaanriden mondiaal kwa omfang net folle om de hakken hat yn fergeliking mei it iishockey. Je hoege net safier te riden om mei eigen eagen te sjen hoe’t it spultsje libbet. Oer de grins mei Dútslân sitte alle fuotbalstadions net allinnich fol, mar spylje de iishockeyers harren kompetysje yn geregeld útferkochte hallen.

Ek witte de measte minsken net dat der yn Nederlân in beweging yn gong setten is om de hockeysport op in heger plan te krijen. Dat is in kwestje fan lange azem. Dit jier spylje Belgyske en Nederlânske teams yn de saneamde BeNeLiga. Dêr dogge 16 teams oan mei, Grins hie him yn earste ynstânsje ek ynskreaun, mar heakke flak foar it begjin fan de kompetysje spitigernôch ôf. Mar 16 is in moai oantal. Der meie dit jier mar in beheind oantal ymportspilers meidwaan. Gefolch is, dat der in soad jonge spilers út de regio de kâns krije om troch te brekken. De kar fan de Unis Flyers om yn dizze kompetysje mei te dwaan is ynearsten bekritisearre, mar blykt no goed út te pakken. De publike belangstelling is like grut, of miskien wol grutter as ôfrûne jierren. En dat sjogge je werom yn de saneamde Hockeyscool. Sûnder h. Hockey is cool. De mooglikheid foar bern om yn oanrekking te kommen mei de sport. Op sneintemoarn is it sa drok op it iis fan de hockeyhal fan Thialf, dat der serieus oer tocht wurdt om yn meardere groepen te wurkjen. In grut sukses, dat taskreaun wurde mei oan in stel tige entûsjaste ambassadeurs.

Noch in nije ûntwikkeling yn de promoasje fan iishockey is de online-stjoerder FlyersLiveTV. Dêr kinne jo alle thúswedstriden fan de Flyers op sjen. Yn HD-kwaliteit, mei in foarprogramma dêr’t gasten oanskowe dy’t wat te melden ha. Jo kinne it fine op Youtube, en dit sis ik net samar, want der stiet miskien wol wat moais te gebeuren. Sneon is der in spesjale útstjoering út Eindhoven wei. Unis Flyers út It Feen en en Laco Eaters út Geleen spylje dêr de finale om de Nederlânske beker. En ja, ek it iissportsintrum fan Eindhoven is stiif útferkocht. Yn tarieding op de derby tusken Cambuur en Hearrenfean fan kommende snein is de iishockeybekerfinale in moaie opwaarmer, it is streekrjocht te besjen op FlyersLiveTV. En leau my mar, it wurdt hartstikkene spannend en de ferliezer fynt dat kloaten fan de bok, om der mar ris wat Foppe en Henk-retoryk tsjinoan te smiten. Sneon, 19.30. op Youtube, FlyersLiveTV."       

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)