Kollum: "Arbeidsbetingsten"

12 des 2015 - 11:23
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Undernimmingsrieden binne baas yn Nederlân. Nim my net kwea ôf, ik moat sizze yn Fryslân. Dat oare wit ik net. Mar yn Fryslân hearskje de ûndernimmingsrieden. It soe bêst kinne dat se no yn Fryslân pas echt ta ûntwikkeling komme. Ik ha jierren yn de ûndernimmingsried by Omrop Fryslân sitten, mar de baas sei sa, en as wy seine it soe eins oars moatte, dan sei dy baas: moai dat ik dat wit, mar we gean myn paad yn. En no?

Foarbyld SC Hearrenfean. Dêr soademitere it hiele saakje yn elkoar, dat witte jim. Dan beneame se dêr in echte super sportpotintaat Sjoerd Feenstra as útsiker hoe’t it fierder moat. Dy komt mei Luuc Eisenga oansetten. Dat docht hy op in parsekonferinsje, sadat nimmen mear wat sizze kin. Watte, sels Foppe hat al mei him praat juster. Mar dan seit de ûndernimmingsried dat sy earst mei dy Eisenga prate wolle en dan bepale oft dy man al of net komme kin. Bepale! En as de lju dy’t der om hinne sitte my fertelle dat it hiele personiel eins oars tinkt as dy trije ûndernimmingsriedslju dan witte jim genôch. Dat oare personiel stie mei de eagen fol triennen doe’t Jelko van der Wiel belies joech. Mar ik hear net ien mear oer Jelko dy’t no mei de holle foaroer thús sit, fuortstjoerd troch in pear machtsikers yn in stiftingsbestjoer.

Dat, as de ûndernimmingsried it teminsten wol, dalik ek noch opsoademiterje moat. Wêrom telt dy stim wol yn it fuortstjoeren fan immen, en dêrnei net mear? 

Sa is it dus ek yn Noardeast-Fryslân. Dêr ha de ûndernimmingsrieden besletten dat de fúzje útsteld wurdt. Op 1 jannewaris oansteande soe it amtlike spul yn elkoar griemd wurde, om te kommen ta in moaie  sterke gemeente dy’t fia de troch ús meibetelle Sintrale As in moai ein tichteby de gewoane wrâld sit. Mar nee dus, se bliuwe dêr efter it behang sitten. Dantumadiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Dongeradiel. En se wiene sa moai dwaande. Kommende âldjiersjûn de amtlike fúzje, dêrnei de folgjende stappen. Krekt as yn Marrelân, in moai, logysk, net iens sa’n útwrydsk proses. Mar no fine de ûndernimmingsrieden dat it allegear net goed taret is. De arbeidsbetingsten lizze noch net op papier fêst. En de amtners moatte it ek oan tiid ha it allegear goed te lêzen. Ek de fakbûnen fan de amtners, noch amtliker as amtners sels, fûnen dat se net akkoart gean koene. It moat earst wol hiel goed op papier stean.

Kom no. Ik soe wolris witte wolle hoefolle fan dy amtners de arbeidsbetingsten dy’t se nó ha, echt kinne. Neffens my in ferrekt lyts bytsje. Ja guon witte dat se de freeds nei Himelfeart frij ha, en dat oare gemeenten dat net ha, en salang’t net opskreaun stiet dat se aanst dy freeds noch hieltyd frij ha, dogge se net mei. Mar eins ha se gjin sin oan amtlik fusearjen, want dat is mear en oar wurk, en dat wolle se net. Lekker yn it lytse gemeentehúske trochskiten bliuwe. Gjin risiko, we moatte de besteande sitewaasje sa lang mooglik hanthavenje.

Se ha gjin idee fan hoe’t it yn it lân en de wrâld giet. Dat alles sa hurd feroaret dat je der neat tsjin ynstopje kinne, inkeld mar efterbliuwe. En se fine blykber it ek prima dat de gemeenten sa ferskillend mooglik bliuwe, sadat je as gewoane ynwenner gjin idee ha’t hoe’t wat en wêr wurket. De wize wêrop’t in pear lytse plakken yn Littenseradiel glêsfezel krigen ha, is dêrfan it foarbyld. Wat kin Littenseradiel dat jild skele, se wurde dochs opheft. Gjin idee fan om meielkoar oan de  de takomst te wurkjen. Sa wurkje de Fryske gemeenten op ’t heden. Net, soe ’k sizze moatte.

De boargemasters, lieding lju yn de weryndieling binne skrokken fan de opstelling fan ûndernimmingsrieden. Dat liket my stuch. Se binne daliks akkoart gien mei in jier letter, omdat se al it gefoel hiene dat de amtners net meiwurkje wolle en dus ditsoarte flauwekul tapasse. Se moatte no it ekstra jier brûke om al dy net ferstannige amtners te fertellen dat je as gemeente en dus ek as amtner yn in lytse gemeente aanst oan de krapperein lûke sille. En dat der oars hielendal gjin betingsten mear binne om te arbeidzjen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)