Kollum "Aldjierskollum 2015"

29 des 2015 - 08:34
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Sa, oan ’e ein fan it jier, wol ik noch in pear dingen mei jim oereidzje. Want der is genôch ûnbesprutsen bleaun, minsken.

Lykas it feit dat Orlando Bottenbley yn april oankundige dat er der yn 2016 mei ophâldt. Bottenbley is foargonger fan de Frije Baptisten, en sûnt 2013 Ridder yn de Orde van Oranje Nassau. Dy ûnderskieding krige er foar syn wurk, foar de minske dy’t er is. Opmerklik foar in man dy’t de evolúsjelear in satanyske teory neamt, homofily as in sykte sjocht, yn demoanen leaut, en op sa’n wize polarisearret dat it húshâldens útinoar skuort. Dy kolos fan Ferljochting en Beskaving, dy reus fan Uneinich Yntellekt en Ridder fan in Geastlik Kilimanjaro jout it yn 2016 dus oer. It sil ynteressant wêze om te sjen hoefolle effekt dat op de sekte ha sil. 

Wy ha it oars ek net oer de Idylle fan Fryslân hân. Dat is in projekt wêrby’t stikjes grûn ynsiedde wurde mei spesjaal sied, om sa in bytsje fan de blomrike Idylle werom te krijen. Ik moast dêroan tinke doe’t ik lêsten Dafne Schippers seach. Se kaam werom fan alwer in suksesfolle wedstriid, en waard op Schiphol opwachte troch har pake en beppe. Har pake en beppe! Dat betsjut dat der noch net sa lang lyn in túntsje mei Frysk sied ynsiedde waard, dêr’t Dafne it gefolch fan is. Dat betsjut ek dat wy dit atletysk pronkstik, dy prachtige blom op gympys, it besitlik foarnamwurd ‘ús’ jaan kinne. Us Dafne, hoe moai is dat!

Minder moai, mar like opmerklik, wie dy man dy’t it mei trekkers die. Dy waard troch de plysje betrape doe’t er mei de broek op de ankels yntym mei in griene John Deere stie te wêzen. Hy waard arrestearre fanwegen it skeinen fan de iepenbiere seden. De man joech ta dat er it al mei 450 trekkers dien hie. Op syn laptop fûnen se mear as 5000 plaatsjes fan trekkers, de measten fan John Deere en Massey Ferguson. Hy krige in gebiets- en kontaktferbod… Het is lekker op de trekker, sille wy mar sizze.

Noch in kwestje dêr’t wy it net oer hân ha, is dy fan de gemeente dy’t minsken helpe wol om lokkiger te wurden. Sis no sels: allinne fan sa’n berjocht wurdt men al gelokkich! It giet om in projekt fan de gemeente Súd-West Fryslân, dat ‘Op syn paad’ hjit. Minsken dy’t net gelokkich binne krije dêryn persoanlike begelieding. Se wurde stimulearre om te sporten, of om bygelyks oan frijwilligerswurk te dwaan. En oft se net folle te ferstriken ha, krije se wat jild. In opmerklik inisjatyf fan Súd-West Fryslân. Allinne spitich dat de measten fan ús dêr net wenje. Hoewol: wy binne eins wol gelokkich, no? En oft dat net sa is, moatte wy inoar mar helpe, takom jier.

Dat, bêste minsken, lit ús de latte yn it nije jier sa heech lizze, dat wy der maklik ûndertroch kinne. Dat is de winsk fan jim tsjinner. Graach oant yn 2016!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)