Kollum: "Abba"

25 feb 2016 - 09:46
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Myn earste ljipaai ha ik fûn yn it jier dat John Miles yn de top 40 stie mei syn nûmer Music. Gjin idee hokker jier dat wie, mar dêroan wit ik it. Ek wie doe de trochbraak fan Men At Work, mei it nûmer Down Under. In stel aparte fûgels út Australië, neffens my wienen se krekt loslitten út de gefangenis of sa en om wat jild te fertsjinjen makken se dat nûmer. It waard in wrâldhit. It stik lân dêr’t dat ljipaai lei, tusken Oranjewâld en de Knipe, is al lang omtovere, der stean no beammen yn. Mar ik kin it byld sa werom helje, troch oan de muzyk te tinken dy’t doe troch myn holle spile. Ik wit dat it jier 1976 tige drûch ferrûn, mar it gefoel dat ik yn dat jier hie, komt pas wer boppe as ik Tavares mei Heaven Must Be Missing An Angel en ABBA mei Fernando hear. Ik stelde my doe foar dat Agnetha en Anni-Frid dat nûmer foar my skreaun hienen. Prachtich. ABBA wie fansels net stoer, mar no wit ik it wol. ABBA is krekt as tsiis, it wurd mei de tiid better en lekkerder. En ik leau dat Queen doe ek in reedlik bekend sankje útbrocht hat. Dat spoeket my ek noch wolris troch de kop. De mislike droege simmer fan 1976, dêr’t alle lân sa read as in kraal wie, sil der grif oan meiholpen ha dat ik net alle muzyk út dat jier moai fyn. Dat hat grif mear mei de omstannichheden as mei de muzyk te krijen.

Nee, dan Ultravox, mei Dancing With Tears In My Eyes. Doe dat nûmer heech yn de top 40 stie hie ik myn earste suertsjeferkearing. Op de iisbaan fan Oranjewâld. Hjoed-de-dei ride jo oer it plak hinne dêr’t dy prachtige iisbaan lei, as je oer de fjouwerbaansdyk njonken it Abe Lenstra stadion lâns komme. It jiertal soe ik neisykje moatte, mar ik ha it singeltsje oan myn earste flam kado jûn op har jierdei. Wy binne no noch altyd freonen, mar dan op Facebook. Ik ken minsken dy’t hielendal net mei popmuzyk grutbrocht binne. En ik kin my der eins neat by foarstelle. Ik kocht fan de earste fertsjinne sinten in fersterker, in pear boksen, in tuner en in kassettedeck. Bantsjes fol mei muzyk ha ik opnaam. Wol in stik as 150. Doe’t ik wat mear jild om hannen krige, folge de LP gekte. Dêrfoar gie ik faak op freedtejûn nei De Jouwer, omdat dêr in platesaak wie dy’t noch wolris wat yllegale ymport platen ferkocht. En sa no en dan wie der in LP merk yn Ljouwert. Myn hiele jeugd hong fan muzyk oan elkoar. En no ha je eins neat mear nedich, want der is Youtube. En Spotify. Alles dat we doe mei eigen fertsjinne jild kochten, is no gewoan fergees te hearren.

De frou en ik kamen sneontejûn thús. Wy hienen nei in yn it Frysk ûndertitele film west en dêrnei nei in fuotbalwedstriid. De film wie moaier as de wedstriid. Dat se yn it Frysk Museum net witte hoe’t je sûkerbôle mei bûter skriuwe moatte, is nei te lêzen yn it restaurantgedielte. Wol wat spitich, mar klear. Dy film gie oer in Baskyske boerefamylje, dêr’t de opfolging fan it bedriuw oan de oarder kaam. Sterke personaazjes en hiel moai spile, mei prachtich kamerawurk. Nei de miste penalty fan ien dy’t him net nimme moatten hie, gienen wy op hûs oan. Doe’t we thús troch de doar kamen, hearden we muzyk. Dochter hie in feestje. En wat draaiden se, de pubers fan no? Mamma Mia. Fan ABBA. Ik tocht: Dat is fan flak foar Fernando, dus moat it wol hast út 1975 wêze. Kin net misse. En as dy muzyk rom 40 jier nei it ferskinen noch altyd jeugd oansprekt, moat it wol hiel goed wêze."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)