Kollektyf hoarekaferbod yn De Fryske Marren

08 des 2014 - 20:34

Hoarekasaken út De Lemmer, De Jouwer en Balk ûndertekenje woansdei in konvenant mei de gemeente en de plysje oer it kollektyf hoarekaferbod. Dat betsjut dat ien dy't in ferbod krijt foar ien fan de kafees, yn de oare saken ek net mear wolkom is.

De maatregel is neffens de gemeente De Fryske Marren net nedich om't der in soad oerlêst is. Wol is oantoand dat yn oare gemeenten dêr't de maatregel ynfierd is, it in preventive wurking hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)