Kollektyf ferfier moat better

09 okt 2007 - 12:51

Ferfiersbedriuw Connexxion sil it ferfier fan âlderen en handikapten ferbetterje. Dat hat it bedriuw sien nei klachten fan reizigers. Dy kamen geregeld te let by trouwerijen of begraffenissen, as se mei it kollektyf Valysferfier reizigen.

Steatssiktaris Bussemaker fan Folkssûnens woe maatregels fanwege dy lette en te lange ritten en ferkearde taksi's. Connexxion nimt dy maatregels no dus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)