Kollektiven fan natuerboeren

13 mrt 2014 - 16:58
  • Boerepleats

Fryske boeren dy't oan agrarysk natuerbehearder dogge, rinne foarút op it nije lanlike stelsel dat yn 2016 wurkje moat. Boeren krije dan pas jild foar natuerbehear as se yn in kollektyf sitte.

Yn Fryslân komme sân kollektiven, sa is tongersdei bekend makke. Dy krije alle jierren 14 miljoen euro fan de provinsje. Se moatte derfoar soargje dat der bygelyks mear greidefûgels komme. Dat hat gefolgen foar it meanen en jarjen, en foar de blommen yn de greiden. Yn Fryslân dogge 2500 boeren oan agrarysk natuerbehear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)