Kolleksje Jongepier by Tresoar

30 okt 2012 - 15:12

Tresoar krijt in kolleksje boeken en dokuminten oer oargelmuzyk. De kolleksje komt út de neilittenskip fan de ferneamde oargelist Jan Jongepier. Jongepier ferstoar ferline jier simmer. Hy wie in oargelist yn ieren en sinen dy't fan 1981 oant 2006 it oargel fan de Grutte of Jacobiner Tsjerke yn Ljouwert bespile.

Foar oargelbouwers wie hy gauris de adviseur. As oargelkundige foarme er in kolleksje boeken en dokuminten oer oargels en oargelmuzyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)