Kolleezje wankelt troch Nuon

10 jun 2009 - 21:54

It kolleezje fan DS is woansdei hast opstapt by de diskusje oer de ferkeap fan de Nuonoandielen. It CDA koe net libje mei it útstel fan koälysjepartner PvdA om de opbringst fan 1,2 miljard euro safolle mooglik op de bank te setten. It CDA wol 400 miljoen dêrfan brûke foar projekten. De PvdA wol net fierder gean as 164 miljoen.

De PvdA krige dêrby stipe fan de FNP en VVD. It kolleezje fan DS fûn dat ûnakseptabel en drige op te stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)